bijlage 4 Beskôgingen P.v.d.A. fraksje Menhear de foarsitter, yn it ôfroune jier binne der forkiezings west foar dizze ried. Us fraksje is mei ien sit mear werom kommen. Wy besjogge dat as iri stipe fan us kiezers dy't us de moed jout om op it ynsleine paed troch ta gean. It forplichtet us om hieltiid it programma nei to sjen en dernei us belied to rjochtsjen. Ien fan'a earste saken wie it yn gear- wurking mei it C.D.A. ta stân bringen fan in kollegeprogramma. Dit is nei us betinken goed slagge al koe de wize wêrop efternei besjoen better. Yn in seker stadium hie ek de boargemaster deryn bilutsen wurden moatten, om't ek hy in part fan it programma as portefeuillehâlder foar syn rekken nimme moat. De ôfroune tiden hawwe us dudlik makke dat die gearwurking tusken de partijen dy't it programma under skriuwe der better op wurden is. Lykwols moat de gemeentepolityk net forpleatse wurde nei in petear tusken in pear partijen mei as risseltaat dat eltse saak dermei yn'e ried naaid wurd sa't it knipt is. Dy programbisprekkingen soene faeks better yn it iepenbier hâlden wurde kinne. Mar der binne ek dingen dy't nou frijwat better geane. As foarbyld soe'k neame wolle de gong fan saken mei Op 'e Skille Hite hollen yn debatten. de fûst op tafel en in tonielstik waerd opfierd, mar in lytse mearderheit makke ut dat de redaksje fuortstjûrd wurde moast en de gemeente soe sels in nije redaksje bineame. It is in greate flop wurden en nou, mei it kollege-programma yn hânnen, koe sunder probleem ailes wer yn har aide sitewaesje, my in redaksje dy't net boun is. werom brocht wurde. Wy binne dir gelokkich mei. dat in kollegeprogramma ek wolderis misbrûkt wurde kin, die bliken yn e rie fan novimber. It wie de hear Faber dy't miende us op us kollegeprogramma, dat er sels net iens underskriuwe woe, wize to moatten. Nou moat ik sizze dat 'm dat net slagge is en dat dat jimme ek net fornuverje sil. It wie yn de foargeande période dat de F.N.P. fan Ljouwerteradiel mei in program ma kaam wer't yn stie dat it fleanfjild by Ljouwert fuort moast. Faber wie it doe al net mei syn eigen programma iens. Nlj stie sels alteast net efter dat punt. It sil my fornije wat syn forklearring is fan'e rigel yn it nije programma fan'e F.N.P. wer't stiet dat Stiens net fierder groeije moat. Gjin inkeld initiatyf yn dy rjochting ha'k noch fan'm sjoen, wylst it meitsjen fan utwreidings plannen gewoan trochgiet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 35