Wurklistnummer: 4 Utstelnummer 79/122. Underwurp Stiens, 11 september 1979. Oanfraach ex.artikel 72 L.U.wet foar de oanskaf fan gymnastykma- teriaal. □an de gemeenterie. Dp grûn fan artikel 72 fan de Leger Underwiiswet 1920 hat de Feriening foar Kristlik Underwiis te Britsum in fersyk yntsjinne om jild beskikber te stellen foar de oanskaf fan gymnastykmateriaal foar de lessen dy't bûtendoar jûn wurde. Yn totaal wurdt om in bedrach fan f 270,30 frêge. De hear Ynspekteur fan beuker- en legerûnderwiis yn de ynspeksje Ljouwert hat skreaun tsjin de beskikberstelling fan dit kredyt gjin beswier te hawwen, foar safier sprake is fan in earste ynrjochting. Ut de archiven blykt net dat sprake is fan een twadde ynrjochting, sadat wij jimme utstelle de frege meiwurking te ferlienen. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel, siktaris boargemaster. JP.v.d.Kooi H. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 35