Wurklistnummer10. Utstel: 79/ 177. Underwurp Oanfragen ex.artikel 72 L.U.Wet/ekstra kredyten foar de ynfiering fan it fak frysk. Stiens, h desimber 1979 Oan de gemeenterie. Fan 'e ferskate ferienings foar kristlik ûnderwiis en fan'e haden fan'e iepenbiere skoallen binne fersiken binnen kaam om bedragen beskikber "te stellen foar de ynfiering fan it fak frysk op 'e skoalle. Fan in tal skoallen binne dizze oanfragen al in pear moanne ferlien ynkaam, mar sjoen de ôfspraak dat aile oanfragen tagelyk behannele wurde soenen, is mei it foarlizzen oan jimme kolleezje wachte oant aile oanfragen ynkommen wienen. Ut de stikken sil jimme bliken dwaan, dat der in ferskil sit tusken de bedragen neamt yn'e oanfragen en de bedragen neamt yn 't adfys fan de ynspekteur. Yn oerlis mei de haden fan'e skoallen is der foar keazen om yn earsten de bedragen neamt troch de ynspecteur oan te hâlden. Docht letter bliken, dat in bepaalde skoalle oantoanber net mei it takinde bedrach ut kin, dan binne der mooglikheden in ekstra kredyt oan te freegjen. De troch de hear ynspekteur adviseare bedragen jowe de hjirnei neamde totalen oan: 1. Jan LigthartskoalleStiens f 12.950, 2. Master HoogeveenskoalleStiens - 10.1+50, 3. Arjen RoelofsskoalleHijum - 2.650, 1+. Oan't SkipperspypkeCornjum - 1+.100, 5. Auke P. JongbloedskoalleBritsum - 2.900, 6. Foareker, Britsum 5.960 7d'OriëntaesjeStiens 9.700, 8. Paedwizer, Stiens - 9«35o| totaal f 58.060, Sjoen it tal fan leermiddels dat ynkoarten fernijt wurde sil op of nij ûtkomt, sille de hjirfoar neamde bedragen net yn ien kear ut jûn wurde. De oanfragen moatte sjoen wurde as ramtosnfragen. Yn ferskate oanfragen wurdt dit dudlik oanjûn. Hjirmei rekken hâldend is it net nedich foar 1980 it neamde totaal bedrach beskikber te stellen. Mei it beskikber stellen fan in part kin folstien wurde. Wij miene, dat it beskikber stellen fan 730.000 gûne foar 1980 foldwaande is. It oare part fan it hiele bedrach, sil yn 1981 of sa mooglik yn de jierren dernei beskikber steld wurde (moatte). Wij stelle jimme foar akkoard te gean mei it beskikber stellen fan de troch de ynspekteur neamde bedragen - dit betsjut dat de oanfraach ex.artikel 72 L.U. wet fan de Foareker te Britsum ofwiisd wurdt - en hjirfoar yn it jier 1980 in bedrach fan f 30.000,beskikber steld wurdt. Boargemaster en wethalders fan Ljouwerteradiel siktaris, boargemaster, J.P.v.d.Kooi R. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 111