bijlage 3. SKÔGINGEN F.N.P.-fraksje Foarsitter, oanwêzigen. Dit wurdt dan myn safolste skôging, dy't my de kâns jowt om us fisy en ynsjoch op de takomst fan us gemeentebestel to jaen, dat dan faek ver gearhinget mei it ekonomyske en politike yngripen yn 'e wrâld. Hwat us wol hjoed-de-dei it measte oerfalt en pleaget "binne de plannings- rapporten, meastentiids troch inkelden bitochtfoarsteld en faeks ek noch easke. Tink ris oan de konsintraesje fan great winkelbidriuwen, dy't lytse midden- stânners weiknipe of oan us lânboubidriuwen, dêr't men fan utgiet dat men jin troch skaelforgreating tsjin de konkurinsjestriid yn de wrâld yndekke kin. Mar hwat us wol it measte omtinken jowt yn Fryslân is it rapport oer de gemeentelike weryndieling. It gefaer fan dizze rapporten is dat se har eigen libben lieden gean en deryn leit dan de kâns fan de inkelingen om de massa to stjûren en to bispyljen. It wol der by us net yn dat troch noch greaterder mear krêft en ynhâld oan in bistel of hwat der dan ek fan troch gean mei, jown wurden kin. Wy geane der fan ut dat troch de minsken der mear yn to biheljen en sadwaende de meast mooglike taekstellingen ynnimme to litten, wy pas op de goede wei binne. Hwat stelt winlik in konsintraesje foar as men allinich fan in sifermjittich getal oan ynwenners utgiet, mar ynhâldelik net werjowt hwat foar baet en bistjûrs- krêft it opsmyt? De FNP giet der fan ût, dat men yn it foarste plak oan de miening fan de boarger omtinken jaen moat, binammen as dy sa dûdlik en gelykrjochte is as yn sawol Ferwerderadiel as Ljouwteradiel. De bitrutsenheit fan de minsken yn en foar in mienskip goait by us gâns heger eagen as bureaustudzjes fan gearstallers fan rapporten hwerut sci?itiden ek noch wolris in stikje eigenbilang fait to priuwen. Oan 'e oare kant is ailes foar oerdriuwen fatber. Nei de wrâldkriich 19*+0 - 19^+5 is der in ny, ik mei wol sizze "gevleugeld" wurd troch troch Nederlân gien: "Polarisaesje" It kaem hast oer of soe it Haerlemmer oalje wêze. As wy mar genSch en yngeand "polariseerden" soenen wy dermei ailes op in heger plan bringe. It wie en it is noch., lit us mar sizze, in modem wurd. Polarisaes je: het doen ontstaan van tegenstellingen" mei oare wurden bekfjochtsjeskerpslypje. It risselt fan de ynspraekgearkomsten en ynspraeknota's Eltsenien fan ryp oan't grien moat oeral op yn sprekke.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 35