- 2 - Bern foarmje al krityske ynspraekgroepen. Wer't se de krityk op har eigen opfieding kwyt kinne, koartom elts skynt mar driuwend forlet to hawwen mar tige kritysk yn to sprekken. Ik freegje my sels faeks ôf,.of. wy meimekoar ek op de doele binne mei us fiertrochlutsen ynsprekkerij en polarisaesje Nim nou bygelyks it forkearsplan Stiens, gearstald yn in rapport en foarlein oan de bifolking. Allinich al it gearstallen fan it plan hat al "binei f 50.000,- kostte of hellet dit wol. Ik leau net dat der ek mar ien ynsprekker is dy't him hjir drok oer makke hat. Wy hawwe jierren libbe yn in sfear fan "it kin net op". Wy libje yn ien fan de rykste lânnen fan de wrâld en it jild dat kaem der wol. Mannichien hat net troch dat de broekrym in gatsje nauwer moat en as mei in jier of hwat de "gasbel" op is, dan kin it wolris sa wêze dat de rym plak meitje moat foar in eintsje pakjestouw. En hwat hâldt dit plan nou yn? Dat it forkear regele wurde moat is wis, mar is it nou perfoast wier, dat in doarp as Stiens hwer it trochgeand forkear omhinne lein is en wy foar it greatste part mei wen- en leefforkear to meitsjen hawwe, de forkearssituaesje nou ynienen sa penibel? Barre hjir mear ûngelokken as yn oare forgelykbere doarpen? En as men it forkear nou hwat omleit fan de iene strjitte nei de oare, is men dan net hwat oan't probleemforskouwen? Is de situaesje nou sa dat wy fêststelle moatte dat de gemeente destiids yn gearwurking mei de stedebouwkundige dy't ynskeakele wie, in forkearde fisy hawn hat? Of hawwe wy nou mei in oertrutsen stribjen nei perfektionisme to dwaen? Kin foroaringsdrang ek in net folle sizzende moadegril wurde? Mar, hawar, it plan leit der, de gearstallers hawwe der hiel hwat wurk oan hawn en de gemeente is goed foar de kosten. In plan as dit mei in great forskaet oan détails fregetdat kin eltsenien wol bigripe, greate offers. Der sille bilestingforhegingen foar nedich wêze. Tekenjend foar de ynstelling fan de plannenmakkers is dat gjin kostenbirekkening opset is. Ek freegje ik my of, hoe great it wiere forlet nou is. Stiet eltsenien to springen? Typearjend sa't in ynwenners van Aie Leije him utliet op in gear- komste fan Doarpsbilang. - 3 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 37