- 3 - Der wienen ek plannenmakkers dy't fan oardiel wienen dat der fierstento hurd riden waer, hja pleiten foar saneamde "forkearsdrempels" De man sei: "nou hawe wy altiden de Gemeente op 'e lea sitten de gatten ut 'e dyk to heljen en nou wolle se der wer bulten op meitsje". Né, wy steane noch net to hoera-roppen en foaral ek sjoen yn it ramt fan oare plannen. Ek dizze plannen freegje hiel hwat mienskipsjild. Wolwézenwurk Noch in plan is yn 'e maek foarsitter to witten "wolwézenwurk". Foar de minsken dy 't him of har ûntjaen of ûntwikkelje wol is ailes to sizzen. Mar as men der fan utgietdat soks allinnich mar op kosten fan de mienskip moat dan fine wy dat men der ek net folle foar oer hat. Faeks binne seal, ljocht en warmte al biskikber. Spitergenoch bliuwt de Oerheit ek efterwege troch yn't forline taseine subsydzjes net to jaen of gâns minder. Op it kulturele méd leit ailes efkes oars. Der belibbet men it mear massael, sawol aktief as passief. Wy freegje us of, moat de mienskip wer offerje troch belestingforhegingen foar hwat de inkeling graech dwaen wol. Nei us bitingst wurde dit soarte fan foarstellen troch inkelden to heech yn it findel droegen en sadwaende komme oare fortsjinningen yn 'e knipe. Ik tink yn dit forban oan de forbettering fan de bûtenwegen yn it ramt fan de ruilforkaveling Soe dy finansiële opset der ek nochris, ik sil't mar forsichtig sizze, by troch wéze kinne? Hoe dan ek, ik bin fan miening dat bygelyks net troch mooglike tsjinfallers fan oare bilangen oan de reserve foar de ruilforkaveling toarnd wurde mei It polysjeapparaet Ik kin net neilitte in pear wurden to sizzen oer it polysje-apparaet It is typearjend dat dizze minsken har wurk dwaen moatte ûnder aloan minder omstannichheden, en sy libje en wurkje yn in glêzen huske en it liket wol dat der minsken omrinne dy't as taekstelling sjogge de polysjeman of -frou yn 'e gaten to hâlden. De polysje hat it by sokken altyt dien" Ze treden ontaktisch op en onnodig ruw" of neam mar op. - k -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 39