- h - Parsfotografen stean klear om eltse polysje dy't de gummiknuppel optilt to knippen en de deiblêdden jowe aile romte foar dizze plaetsjes. Dat it wurk ûnder sokke omstannichheden foar it polysjepersoniel in ekstra swiere belesting bitsjut leit foar de hân. Der kin neat barre of der steane superlinkse keamerleden mei fragen to wapperjen. Foar meardere jonge polysjeminsken hat dizze druk to great west en hawwe jaske wer utlutsen. Wy binnen net wiis mei dizze ûntjowing. Blij dat er politie is? Ja, fan hertewy wol, dat mei wolris sein wurde tocht ik. Frysk yn it offisiële forkear. Yn de Ljouwerter Krante hawwe nou al wiken lang 1 ju har miening joun oer it Frysk. Ut ailes bliek dat de takomst fan it Frysk tige faei is en dat is wol tige apart wylst elts hastich re is to forklearjen dat hy of sy of har Party it goed mient mei it Frysk. Dat is fansels wol moai, mar tagelyk forrekte goedkeap en wy sjitte der gjin barst mei op. It Frysk hat mar ien kâns mear, it moat brûkt wurde. Wy moatte us sels opkrije, skriuwt Jan de Jong. Ik krij net de yndruk dat us rie drok dwaende is mei opkrijen. Hwat bygelyks to sizzen as in pear fortsjinwurdigers fan in pear greate partijen ut us formidden op in gearkomste yn Ljouwert oer de gemeentelyke weryndieling "hun referaat keurig in het Nederlands houden" Wienen jimme benaud mannen dat se jim net forstean soenen? Hienen jimme faeks forlet om jim sels hwat mear formiende oansjen to jaen? Of hawwe jimme prinsipiële biswieren om in de hoofdstad van onze provincie het Fries als voertaal te gebruiken? Ja, ik wit it net. Ik bin der dea mei oan. Der geane wy dan wer. Ik bin to dom om it to bigripen. Ik mien hwat ut it P.v.d.A. formidden lêzen to hawwen oer "aktifearjen en stimu- learjen" fan it Frysk. Ik mien sels in Frysk P.v.d.A. struibiljetsje tsjinkommen to wêzen. Ik mien hwat lêzen to hawwen oer in biliedsplan fan de C.D.A.-fraksje fan Ljouwteradiel. Bistjûrlike organisaesje. Under oan de bledside: Bifoardering fan it folgjen fan kursussen Frysk troch ambtners en riedsleden. Ja, en dan is der ek noch subsidierring mooglik "alteast der wurdt foar pleitte". - 5 -

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 41