Ja freonen ynsprekkers veryndieling Ljouvert, ik hav aile begrip, jim fortrouwden jimme net rjocht. It Frysk is ek net maklik, ik jouv it graech ta. In kursus soe ik sizze. Och ik forjov it jim ek vol graech "spreekt u rustig Nederlands als het zo uitkomt mar dan ek net, as it tsjin de forkiezing rint mei Fryske struibiljetsjes sutelje of jim oars "Frysk-minded" foardvaen en dat ailes om to bisykjen in stikmannich stimmen to pakken. As dit de menier is om foar dat forrekte Frysk op to kommen, lit ûs dan mar ophalde. Ne mannen, jim binne my ôffallen en dat spyt my tige. Ik maost dit efkes kvyt, forjov my, mar polityk is in hurd bidriuv, mar vy bliuve freonen. It ofroune jier hat ûs in bulte leart. De fraksje-foarsitter fan it C.D.A. hat in kear sein "Ja, de F.N.P. is net in ûnsimpatike party, mar se hawe yn Den Haech neat yn to bringen". Nou dat hawe vy dan sjen kinnen. Tva greate partijen yn Fryslân, nammentlik it C.D.A. en de V.V.D. vienen beide foar 100$ foar plan D. Hvat kngen se ut Den Haech to hearren. Nul op it rekest. Hvat hienen sy to fortellen? NEAT. Soe it ek nochris sa vêze kinne dat it plan fan in lytse Fryske Party hege eagen smyt? Yn dit forban noch ien fraech, "soe it ek nochris sa vêze kinne, dat as it om de Fryske bilangen gietit forstanniger vêze soe, meimekoar skouder oan skouder to stean en de ûnderlinge forskillen mar hvat oer to sljochtsjen? Och, samar in fraech fan in lyts mantsje fan in lyts partijke. Op t lest vol ik noch kvyt dat ik aile vardearring hav foar de dudlikheit fan de bigreatmg en ik vol graech dyjinge dy't hjir forantvurdelik foar binne myn tank bringe. Wolle jo dit efkes oerbringe foarsitter? Mei dizze vurden foarsitter vol ik dan bislute mar net sunder de vinsk ut to sprekken dat vy meimekoar deryn slagje sille ek yn 1980 ûs gemeente sa goed mooglik to bistjûren. Ik tankje jimme foar jim oandacht. Stiens, novimber J979 F.N.P.-riedsfraksj e Lj ouverteradiel

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 43