Bijl.4. Skôgingen V.V.D.-fraksje. Foarsitter, Bij it gearstellen fan de algemiene beskôgingen tink ik ûnwillekeurich werom oan it ofrûne jier. Ien fan de saken dy't yn it gemeentlik bestel yn it each fait is it beslut fan de rie fan Ljouwerteradiel de moasje fan it C.D.A. om 44 Vietnamese boatflechtelingen yn it Piter Jurjenshôf ûnderdak te ferlienen oan te nimmen. Foar dizze minsken moat it in gelokkige gedachte wêze, ûnderdak te hawwen fier fan aile oarlochsgewelt As men de beweging sa sjocht, liket it my ta dat se har al aardich thus fiele yn it P.J.hôf. It blykt lykwols dat der noch al wat ynkomplete eesinnen ûnder dizze minsken binne. Wij hoopje dat de kâns in kear komt dat de famyljes har wer in kear ferienigje kinne No't ik it oer it P.J.hôf haw, rize der lykwols bij mij enkelde fragen. No't C.R.Pl. in oanbod kriget foar in gesinsferfangend tehûs, hjir is op koarte termyn ferlet fan, begjint it ministery dwers te lizzen. Inkeld op grûn fan it feit dat hja it net iens binne mei wat de buorlju binne. Ik krij sterk de yndruk dat hjir ferskillende ambtlike ynstânsjes elkoar tsjinakselje It is dochs wol djip triest dat de gehandicapte meiminske op dizze wize rie dupe wurdt fan ambtlike dwaling. B. en W. binne fan doel hjir krêftich tsjin te protestearjendat dit fan it grutste belang is binne we allegear meiinnoar iens. It wurdt tiid dat se yn Den Haag is in kear witte wat foar fleis as se yn'e kûpe hawwe. Ik bin fan miening dat men fuort net te fui oan de bel lûkt. Foarsitter, as men sa jins tinzen gean lit, oer it belied fan takom jier, kin men net om it op priemmen steande ferkearsplan hinne. Sa as bij de measten fan us, rize hjir oer ek bij mij noch wol wat fragen. Oan't no ta is it kostenaspekt noch net yn diskusje west, it is lykwols wol in ûnderdiel wer't men net om hinne kin. Fierders sil men derom tinke moatte dat Stiens in doarp is en dat ek bliuwe moat en nea de ambysjes fan in grutte «*têd krije moat. Sûnder ferkear kin men yn de hjoeddeiske mienskip net, men sil dit ferkear dan ek regelje moatte, it mei lykwols net belemmere wurde. Dan wurdt men gefaarlik fan in libbend plak in dead plak te meitsjeri.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 45