- 2 - Foaral yn dit stik fan saken sil men dudlik prioriteiten stelle moatte. Net allinnich it ferkearsplan stiet dit jier op de roi, uteraard stiet der folle mear te barren. As riedslid wit men dat der wer in lawine fan papier yn de foarm fan foarstellen oan foarôf gean sille, it heart der no ienris bij, mar it wurdt stadich oan wol in toer om it nei behearren troch te nimmen. Ik hoopje lykwols dat de rie ek yn 1980 beslutten nimme sil dy't it kolleezje mei nocht utfiere kin. Foarsitter, tidens it opmeitsjen fan dizze algemiene skôgingen waarden we opskrikt troch it berjocht foar de radio dat Dr. Anne Vondeling troch in slim ûnk yn België ferûngemakke wie. Elts dy't in bytsje yn de polityk thus is, koe wurdearring foar dizze politicus opbringe. Hij wie provinsiaal, landelik sawol as ynternasionaal sadanich orientearre dat er him oeral thus fielde, in gave, dy't mar inkelde minsken ha. Hij hie ek noch it foarrjocht syn kinnen yn tsjinst fan de meiminske stelle te kinnen. As men op dizze wize mei de noas op de hurde werkelykheit drukt wurdt, dan beseft men hoe betreklik ailes is. Dizze wike is ek Bauke Roolvink ferstoan, hoewol net mear direkt yn de polityk wurks^m hat er yn it ferline ek op syn wize in bepaald stimpel op it lânsbestjûr lein. Dizze soan fan Ljouwerteradieldoe't er berne is lei Wytgaard noch yn us gemeente, hat yn polityk en fakbeweging in wichtich plak ynnommen. Men kin it mei dizze mannen har politykynsjoch iens west ha of net wis is dat er twa grutte soannen fan Fryslân hinne gien binne. Ik ben der fan oertsjûche dat er in protte politici binne dy't in foarbyld oan dizze mannen nimme kinne, troch ferskate saken us yn wat grutter ferbân te sjen en jins eigen "stokpaardje" us wat te litten foar wat se binne en harren goed te realisearjentsjin innoar kin net, meiinnoar kin der in protte barre. Ditselde jildt ek foar de trije oerheden yn ferhâlding ta innoar. Ik bin fan miening dat hjir wolris wat mear gearwurking noadich is. Ik ha hjir al earder op wiist. yn dizze skôgingen. Foarsitter, ik wol beslutte m»i de amtners op'e sekretarij en fan de tsjinst gemeentewurken tank te sizzen foar de flotte wize wêrop ik as riedslid aile ynformaasjes krigen ha dy't ik ha woe. Ek de hear en mefrou Hottinga komt in wurd fan tank ta foar de wize wêrop hja ek yn dit jier wer foar us soarge ha.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1979 | | pagina 47