Bijlage I. Achte Mefrou- en Hearen Riedsleden, Wylst eltsenien him te skoar set yn e Twadde Keamer oer tige wichtige saken en elts yn spanning sit oft it Kabinet dizze nacht wol oerlibje sil, wol ik my efkes ynspanne om in pear wurden op papier te setten foar de lêste riedsgearkomste fan dit jier. Lokkich kin ik dit dwaan yn de wissichheid dat it parlemint hjir jûn net ôfstimt wurdt en nei hûs ta stjoerd. Ut myn wurden docht wol bliken, mefrou en hearen, dat it my mei dizze ploech om my hinne noch goed nei it sin giet. Fansels is der yn eltse hushâlding wolris wat. It soe ek al te moai wêze as der nea ris wat wie. Ik mien lykwols dat wy us allegearre lokkich priizgje meije dat nei elts lyts ûnwaar, dochs de sinne wer skynt. As ik sis dat ik dit wol as wichtigste saak ûndergien ha it Ôfrûne jier, dan moatte jimme dat as wier fan my oannimme. Want, al wiene de saken tige talryk -wy hawwe meiïnoar wol 200 stikken yn 11 gearkomsten behannelje moatten-, de minsklike fer- hâldingen wiene sa 't it wêze moast. It is dan ek net sa frjemd tocht ik, dat it begjinne woe mei jimme allegearre tank te sizzen foar de goede freonskip dy't ik, mar ek myn frou fan jimme allegear ûnderfûn ha. Sa 't ik sei, binne der in protte saken oan de oarder west. Soms tige saaklike, soms ek tige prinsipiële. Wy meije tocht ik meiïnoar wol konstatearje dat der in soad wurk dien is. It wie lykwols net allegear klaarkommen as al us amtners ûnder de fakkundige lieding fan sawol us Siktaris as fan us Direkteur fan gemeentewurken ée stikken net mei taret hiene. Der is ek troch al dizze minsken in hûd folwwurk ferset en dêr bin ik harren allegearre -en ik tocht jimme mei my- tige tankber foar. As ik^al in utsûndering meitsje foar ien fan harren, dan is dit foar us ferfangjend direkteur fan gemeentewurken, de Hear Feikema. Want doe 't de snie fan de Ôfrûne winter op syn heechst lei en de Hear Kuipers as earste it leechst foel en yn it sikenhûs belanne, moast hy in hiel hoart neist syn eigen wurk it wurk as direkteur dwaan, wat wol tige swier west hat. Ik mien dat dit ek wolris yn it iepenbier sein wurde mei. Tige tank foar Jo skreppen nammens ils allegearre, Feikema No 't ik it dochs oer de ôfrûne winter ha, wol ik dochs noch efkes op dy moannen weromkomme, Wy hawwe sjen kinnen, dat der ek noch mienskipssin is, as der bange en boaze dingen barre yn us gemeente. It hat us tocht ik allegearre goed dien, dat eltsenien sa mei holpen hat en ik wol ek fan herten tank sizze foar al it wurk dat der dien is, betelle as ûnbetelle.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 15