- 2 - SpitigernÔch hat us grutte buorgemeente Ljouwert it net botte wur- dearje kinnen dat wy de hiele minne tiid troch oan it Valeriusplein ta skjin- en berydber makke hawwe. As it wer deselde kant op giet mei it waar de kommende tiid, dan hoopje ik al dat se dan de dyk oant en mei Jelsum letterlik en fi- guurlik foar harren rekken nimme wolle. Dan kinne wy it wat lyk hâlde tinkt my. Oer dat lykhâlden fan us gemeentlike beurs woe ik it ek noch eol efkes hawwe. Sa 't wy it meiïnoar woene, is de groei fan us gemeente wat ôfnommen. Dat hâldt lykwols yn dat, wannear't de groei Ôfsakket, ek de tftkear- ing ut it gemeentefûns, mar ek fan de grûnferkeapen ôfnimt. De pot foar "boppewykse-foarsjenningen" rint net mear as in trein. Boppedat geane der ûnder it mom fan désintralisaasje hiel wat kosten oer nei de gemeenten, wër't net foldwaande middels tsjinoer steane. Jûn hawwe wy dat wer oan us wurklist sjen kinnen. Jild foar de minsken op de bibliobus is der net en de gemeente kin yn 'e bûse taaste. It regear hâldt him der net oan om aile perso- nielskosten te beteljen sa 't Sfsprutsen wie. No 't jimme fan betinken wiene dat der mear help komme moat foar us bern op de basisskoallen, dan betsjut dat ek dat wy in rykstaak oernimme, dy 't net troch de gemeenten droegen wurde moat. Ik sjoch, al haw ik mien ik altyd wol wat in optimistyske natuur it no dochs wol wat tsjuster yn. Oant no ta -en dan gean ik wat op in sydspoar- giene wy as Ried gauris nei wat ta, wat der nochal ûtrûn. Wy diene dat mei de eftergrûn om der wat fan te learen en om it sels dan leafst wat better te dwaan. Ik tink no wolris: It moast net safolle kostje, dan moasten wy mei- inoar ris nei in streek ta wêr 't it folle minder is en dêr 't de minsken miskien wol folle tefredener binne. Want ik bin fan betinken dat de easken hjir en dêr gâns heech lizze en al te maklik in berop op de gemeente dien wurdt. Wy sille meiïnoar in kear om 'e tafel moatte en us der ris goed oer beriede moatte oft wy aile plannen ek wat mear oer de tiid ferspriede moatte, ja miskien wolris wat trochskrasse. Ik sis dit fansels omt jimme meikoarten de "urginsjelist" wer ta- stjoerd krije en jimme dan wer oanjaan moatte wat earst en lêst barre moat de kommende jierren. It organisaasje-rapport is al in soad oan dien en ik tink dat de earste yndrukken gau op papier stean sille om dy mei it personiel troch te nimmen. Der sil nei myn betinken net oan te ûntkommen wêze, dat der op ferskate plakken help komme moat, sawol yn binnen- as bûtentsjinst. Der mei yn 'e measte gefallen net mear fan de minaken frege wurde, Dat jildt fan leech nei heech, as heech nei leech, sa 't jimme mar wolle. Der is lykwols ek in oar middel om te foarkommen dat de druk op de tsjettel te heech wurdt, nammentlik wat minder easken stelle oan it tiidrek wêryn ailes klear wêze moat. Fansels binne en bliuwe der altyd wêroan saken dy 't gjin lîtstel lije kinne, mar der binne ek oare, dy 't dat wol kinne, nei myn betinken. Ek soe it in goed ding wêze as der fan boppenôf in oardering kaam dat rapporten beheind bliuwe moatte ta, ik neam mar wat, op syn heechst 10 siden en dat der net mear tagelyk komme as heechut ien yn 'e moanne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 17