- 3 - Ik betwifelje dat myn foarstel oernommen wurdt, mar dat komt my wolris faker oer en is ek net sa slim. De nije wetten dy 't op priemmen steane jouwe wer in bulte omtinken en sille ek wer de nedige ynset freegje fan eltsenien. Wolle wy meiïnoar foarkomme dat us wethâlders elts wykein ien as mear fan dy dikke pakken bestudearje moaate, dan sil der soarge wurde moatte foar mear minsken dy 't dêr earst oer gear geane en de haad- punten derut helje. As ik it dochs oer us wethâlders haw, gean ik noch even troch. Sawol mei de hear Visser, dy 't earst oan tafel siet, as mei de hear De Haan, tegearre mei de hear Soepboer wie it it Ôfrûne jier alder- plezierichst wurkjen. Der waard net allinne in bulte wurk dien, mar dan ek noch altyd mei nocht en wille. En jimme witte, dat kin folle tille. Betanke, ja tige betanke minsken foar jimme ynset en foar de meiwurking. Ik winskje dat it sa bliuwe mei de kommende tiid. Dat jildt fansels ek foar de meiwurking fan us Siktaris, de hear Van der Kooi, dy wie net te ferbetterjen. It wie as aile jierren treflik. (Jo fersteane dit bêst, want jo hawwe per slot fan rekken ek it diploma Erysk helleJ) Ik ha foar Jo mar ien winsk. En dat is dat jo goed sûn bliuwe meije en wat mear fan jo âfsette kinne. Ik haw elkenien fan it gemeentlik apparaat al betanke. As ik in pear apart neam, dan soe dat der op tsjutte kinne dat ik de oaren minder wurdearje. Neat is minder wier minsken. Mar de leafde giet no ienkear troch de mage, dat kin ik ek net helpe. Dêrom wol ik noch wol efkes de hear en mefrou Hottinga yn it bysûnder tank sizze foar de goede soargen oan us allegearre bestege yn it 8frûne jier. It wie boppe aile lof ferheven en jimme wisten beide in goede sfear te skeppen yn us gemeentehûs. Tige tank dêrfoar en wy geane graach it nije jier wer mei jimme op deselde foet fierder. Jimme hawwe it ek dit jier wer drok hân, want der binne wer mear minsken yn us gemeente kommen te wenjen, of binne der berne. Eansels binne der ek wer minsken fuortgien en hawwe in tal foargoed ôfskied fan us nimme moatten. Ik soe jim no graach even. hearre litte wolle wat der op dit mêd: Der wiene op 1 jannewaris fan dit jier oan ynwenners Der binne berne dit jier 130 lytse poppen. Der hawwe har ta wenjen set 496 ynwenners. Dat is meiïnoar Der binne yn us gemeente yn 1979 stoarn 38 minsken en der binne weigien meiïnoar 394 minsken Dat makket meiïnoar 432 Sadat der fannemoarn ynskreaun stiene as Ljouwerteradielsters 8690 In foarutgong dit jier fan mar leafst 194 ynwenners dus. Graach sprek ik de winsk ut dat hja it hjir goed'nèi itsin hawwe meije yn ûs gemeente. sa al bard is •V 8496 - - 626

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 19