- 4 - Fansels hoopje ik ek, dat elkenien it jier 1980 yn goede sÛnens troch- komme mei. Dat jildt ek foar jimme allegearre, Mefrou en Hearen Riedsleden, mei jimme man en froulju en fierdere famylje. Ik hoopje dat jimme ek yn it nije jier dat foar us leit, mei nocht en wille meiwurkje sille oan it Riedswurk en ailes wat dêr mei gearhinget. Fansels moat ik ta besldt ek in winsk dwaan foar ds aller gemeente Ljouwerteradiel, de àldste grytenije fan ds provinsje Fryslâni Nei myn betinken sil it jier 1980 it jier fan de wierheid wurde kinne oer it al- as net fuortbestean fan ils gemeente. Ik doch fanôf dit plak nochris in klammend berop op de hegere oerheden - en dan foaral op it Frovinsiaal Bestjoer fan Fryslân - om Ôf te sjen fan weryndieling fan ds gemeente. Nimmen bat noch syn mûle iependien wannear't frege waard wat der dan oan it bestjoeren fan fan us gemeente mank wie. Nimmen hat nei myn betinken ek mar ien kear wat fine kinnen wat der oan mankearre, as it moast in hiel gewoane minsklike misser wêze dy 't elkenien wolris oerkomt. Dêrom -Steaten fan Fryslân- lit jim heilleaze plannen farre en brûk itselde sÛne ferstân dat hjir al jierren en jierren brûkt wurdt en dat resultearre hat yn in, yn aile opsichten sûne gemeente, dy 't ek it Ôfrûne jier wer bliken dien hat sûn te wêzen. Myn slotwinsk is dan ek: Dat Ljouwerteradiel noch lang bestean bliuwe mei as gemeente en dat de ynwenners har dêr -lykas de ieuwen troch- lokkich fiele meije. Tige Segene Krystdagen tawinske allegearre en in Lokkich 1980.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 21