- u - stiet by it nimmen fan beslissingen" Dat wie my doe ut it hert grepen en haw ik oan't en mei hjir yn praktyk bringe wollen. Ik realisearje my derby m.h. de foarsitter, dat it lykwols in subjektyf werjaan fan feiten west hat, sa't ik dy oanfielt ha. En no yn dit sjanre in leste echt politike opmerking. Ik stean hjir ommers as polityk persoan. Wol de P.v.d.A.-fraksje hjarren nochris ôffreegje, hoe 't it mei de gem.weryn- dieling kommen wie foar Ljouwerteradiel, as hjarren foargongers yn 1972, by de behanling fan de earste struktuerskets foar us gemeente, hjarren sin krige hiene? Ik mien my noch in dudlike "fertragingsstrategy" te herrinnerjen. In oar mei it ek oars neame. Dy socialisten kinne sa tige lêstich wêze, mar ik haw se altyd mei hjar gebreken leaf hân - alteast meastentiids - en ik hoopje sy my mei myn gebreken. En dat dit goed sit, bin ik sneon noch ekstra gewaar wurden, doe't frou Jepma nammens har fraksje my in sierbeam as lokwinsk tus beswarge, mei in briefke derby dat fan dy leafde - dat fertrouwen - spriek. Hertlik tank. En no wat mear nei de persoanlike, minsklike sfearm.h. de foarsitter. Benei 12 jier ferlyn binne Soepboer - v.d.Kooi en Boschma - ik mien yn dy folchoarderop de kolleezjestuollen telânne kommen. Wethâlder Dijkstra wie der al sûnt 19^+6. Ik tink noch gouris oan syn iepene en minsklike ynstelling werom. Dernei binne wethâlder west Jetze Tolsma ek al ferstoan) in echte Kr.Socialist frou Stolte - hoekich, mar trou oan hjar begjinsels, - W. Visser - al genoch oer sein - en it leste jier P. de Haan - noch tekoart om in foldragen oardiel oer te jaan. Syn jonkheid spilet him noch wolris parten. Mar dat er stadichoan dochs wat yn'e bocht kin, hat er jûns bewiisd (oankeap fan lân foar in dyk) Boschma - v.d.Kooi - Soepboer - Yn 1969 uteinset. - Drekt goede start makke. De ferhâldingen waarden iderkear better. Meielkoar hawwe wy in protte befochten. Van der Kooi mear achter de skêrmsMar derom net minder wichtich. De oare beiden foar !t front, soms yn e fjûrliny. 'k Soe ek hjir in healûre oer prate kinne. Ik doch it net.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 11