- 5 - Beide tige betanke foar wat ik fan jim leard haw en foar de freonskip dy 't ik fan jim krige haw. Dit ek nammens myn frou. Fraksjegenoaten. Ik mien dat wy yn ferskate gearstallingaltyd goed gearwurke hawwe. Foar jim fertrouwen yn my sis ik jimme oprjocht tank. Der is frai inkelde jierren ferlyn nochalris tsjin my sein Jo hawwe de eigen fraksje yn 'e buse. De fraksje fertroud jo en folgt jo belied wol. No, ferjit it mar, mei in fraksjefoarsitter dy't Pyt Tulner hjit. Tagelyk in fraksjefoarsitter dy't de fraksje lange tiid utmuntend lieden hat. Der is faak fui knokt yn 'e fraksje en wy waarden it lang altyd net iens. Lokkich ek mar. In wethâlder en in fraksje hawwe beide hjarren eigen ferantwurdelikens En dat moat saibleauwe. Wol binne de persoanlike ferhaldingen altyd tige goed bleaun. Wy joegen elkoar de romte. Ik wol ek noch efkes us ferstoarne fréon Jan Bak neame. In pittige militair, tyge aktyf en stean foar de Kr.dem.pol. utgongspunten Dermei haw ik dizze fréon goed sketst mien ik. Myn opfolger as wethâlder ut us fraksje wol ik hjirby ek lokwinskje. Ik winskje tagelyk wyshied en sterkte om syn plak yn dizze moaie en dynamyske gemeente skjin te meitsjen. Sykje in feste koers. Mar jou de oare kolleezjeleden ek de romte. Ditselde jild foar de riedsleden ut eigen en oare fraksjes. Op nei de 10.000 ynwenners as in pear dêroerhinne en dan selsstannich bliuwe. Gods seine tawinske. Ik sil net aile riedsleden neame. De beide ienmansfraksjes hjirop in utsûndering. V.V.D. en F.N.P. sitte neistelkoar en tinke ek yn hiel wat gemeentesaken gelyk. Faber pretendearret nochalris wat "Myn fraksje, us fraksje hearre jo ôf en ta". Dan tinke jo, hoe machtich soene se wêze As soe er it majesteitlik bedoele WY - Oege Faber Beide hawwe jim each foar de wearde fan de ûndernimmerfrol de lytse, yn us tiid. D.i. torjochte nei myn betinken. Beide ek betanke hearen foar it yn my stelde fertrouwen. Wij hawwe byg. yn de kommissy iepenbiere wurken elkoar seker ek goed kinnen leard en der kamen hiel wat saken oan 'e oarder der't wy gelyk oer tochten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 13