- 6 - Ek de oare leden fan dizze kie. - J. Teitsma en P. Tulner, foar de meiwurking yn dizze kie, hertlik tank. De lieding waard my maklik makke. Fan de beide eardere V.V.D.-leden, frou Bijlsma en frouw De Boer krige ik in skriftlike lokwinsk. Ek dat hat my tige goed dien. En no bin ik sawat oan de ein fan dit, nei myn betinken dochs wol wat lange, ferhaal, m.h. de foarsitter. Aile meiwurkers yn tsjinst fan 'e gemeente, ynkl. Hottinga en frou sil ik apart ôfskied fan nimme en komme dan oan bar. Ik soe lykwols tekoart sjitte as ik ien persoan dy't hjir oanwêzich is noch net apart neamde. En dat is, jimme riede it al, myn frou. Ut it foargeande sil dudlik wurden wêze dat ik har sûnt 1958 in protte jûnen, middagen en ek hiele dagen alinne litten haw. De earste jierren mei de bern en de leste dêrsûnder. As us bern, in goede opfieding krige hawwe, dan is dat frai oan har te tankjen. Ik moat earlik wêze, sy hat wolris prottele. "Al ver fuort foar dy "rot"-gemeente"? "Koest wol mei de gemeente, trouwd wêze yn 't plak fan mei my" It hie dêr faak ek in soad fan. Sels mear as heale nachten giene der ommers soms mei hinne. En dochs Aukje do hast my folle mear stimulearre, oantrune. Oars hie ik it net folbringe kinnen. It wurk ynen foar de gemeente-ried, it kolleezje fan B. en W., de Regioried net te ferjitten, de Stifting Fryske werkferbannen foar de Soc. wurkfersjinning en ek de Roalferkaveling om mar inkelde fan de measte tiidfergjende aktifiteiten te neamen, hast do my mooglik makke. Sûnder dy hie 't net gien. En derfoar, yn 't iepenbier myn hertlike tank En "last but not least" yn goede Frysk - tank oan 'e Hear, wer 't ik yn leauw. Sûnder Syn genedige bystân hie 'k neat west. Tank .je wol foarsitter.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 15