OFSKIED AS WETHALDER FAN DE GEMEENTE LJOUWERTERADIEL OP TONGERSDEI 27 maart 1980 M.h. de foarsitter - achte freonen en freondinnen; sawol ut 'e ried as dêr bûten op de publieke tribune, ynkl. de parseminsken It sil moatte, - Nei 21g .jier - Mar mei in beroerd gefoel yn my. Foarôf in stikje skiednis, foarsafier in minske yn syn koarte libben skiednis mei meitsje kin. Sept. 1938; foar 't earst beëdige as riedslid foar de A.R.P. Dêr oan foarôfgeande ynterfraksjoneel beried. - foar 't earst nei de oarloch. Wat vie 't gefal - de - de P.v.d.A. wie sakke fan 6 nei 5 riedsleden (fan de 11 De P.S.P. hie foar 't earst meidien oan 'e ferkiezing, mei troch in aksje tsjin it fleanfjild en foar de ferpleatsing fan de skoalle fan Jelsum nei Koarnjum. De gearstalling fan 'e ried wie dertroch; 5 P.v.d.A.,1 P.S.P.3 A.R. en 2 V.V.D. Foar '58 hie de P.v.d.A. altyd 6 sitten yn de ried hân en fûn it doe net nedich foarôf fraksje-oerlis te hâlden, want sy mienden dochs rjocht op de beide wethâldersplakken te hawwen. 't Waar doe noch net sa neamd, mar it diich al wat oan in mearderheids-strategy tinken, fine jim ek net? Mar hawar, wy sieten meielkoar oan 'e tafel yn 'e Knutselkeamer fan it P.J.Hôf. De hear De Jong, riedslid foar de P.S.P. (dir. fan P.J.Hôf) wie net ré om de twadde wethâlder fan 'e P.v.d.A. op syn stoel te helpen. De hear Zondervan waard troch de A.R.minsken kandidaat steld. Dizze kandidatuer waard troch V.V.D. en P.S.P. stipe. En doe krigen wy it petear werut ien elemint my bybleaun is en dat ik ek myn libben lang net ferjitte sil. Der is doe stelt troch de P.v.d.A. wurdfierder dat de portef. fan sociale saken frij kaam en dat dy troch hjarren net tabetroud'!waard oan in A.R. en dus ek net oan de hr. Zondervan. Dit hat my djip yn it moed taast. Hiene wy it der nei makke My net bekend. It wantrouwen dat dêr ut spriek is de fraksje wol kwea ôf nommen. De hr. Zondervan waard wol wethâlder en krige de port. soc.saken.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 5