- 2 - Hy hat dy port, goed beheard. Yn 1969 moast hy troch sykte jammer genôch betankje. Ik haw doe it fertrouwen fan de ried krige. Ek de potef. fan Soc.Saken waard minus En nei elke ferkiezing haw ik dizze portefopny klaimd en krige. It is moai wurk om yn dizze sektor wurksum te wêzen. just foar in Kr.demokraat lykas ik hen. Dan sjogge jo net yn 't foarste plak nei dy minsken dy't prebearje mishrûk te meitsjen. Dy binne der en sille der nei myn betinken altyd bliuwe. Jo sille wol mei de middels dy't er binne dit besykje te foarkommen en te bestriden. Wat lykwols folle wichtiger isdat is dat jo helpe kinne. En dat is dan it helpen fan minsken, skepsels fan 'e Hear, lykas wy allegearre binne, neffens myn Bibelske fisy. Mar dan minsken yn de ûnderwâl, somlike safier sakke dat it wetter oan de lippen ta stjit. Allinnesteanden dy't faek troch in krisis gien binne. Wurkleazen mei aile ellinde dy't dat meibringe kin. Minsken dy't troch folle sykte-kosten financieël swier sitte. Ek de minsken dy't troch wat foar omstannichheden in berop op de W.S.W. dwaan moatte. Soms nei folle leed undergien te hawwen. Mar ek lytse selstannigen* dy't troch sykte ûnder it fe as troch in foute beliedsbeslissingfier yn de reade sifers rekke binne. Ik moat hjiroer ophâlde mynhear de foarsitter Ik soe oeren troch-gean kinne. Ien gefal wol ik noch neame (ut 'e lêstneamde groep en al ytlike jierren ferlyn) Hurd wurkjende minsken. Dik yn 'e reade sifers. Nei in stevich gefjocht mei diverse konsulintskippen ut Ljouwert, dochs mei posityf adfys nei Den Haag. Der fertroude men it net. Nei de Lânb.Hege skoalle te Wageningen trochstjoerd om "deskundich" adfys. Dat kaam negatyf ut en fia Den Haag kaam it yn us gemeente werom. It koe net sei men -en it moast al Op 'e nij oankaart. Minsken ut Den Haag utnoege. Fui fochten en wun. Yn twadde ynstansje. En it mei dizze help, dizze minsken slagge de holle wer boppe wetter te krijen. Prachtich wurk, minhear de foarsitter. Foar in Kr.demokraat, mar ek foar in soacialist, inliberaal as in Frysk nasionalist.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 7