- 3 - Elk fan ut eigen pol.fisy. En wat hawwe wy byg. yn it bijstânskolleezje (mefrJepma-Boersma) goed wurk dwaan kinne. Nei de geast fan de wet, sûnder de letter tefolle geweld oan te dwaan. Yn in koartswillige sfear, om 't de saken dy't folle op tafel kamen al tryst genôch wierne. Dit vie in lang ferhaal, nei oanlieding fan myn start yn dizze ried. No noch twa saken ut myn wethâlders-tiid. Tua saken ut 'e tiid dat it wurd "polarisaasje" yn swang kaam. "Op 'e Skille" waard berne. In saneamde "frije redaksje" sloech foar master op. It gie hinne. Skerpe krityk op it gemeentebelied. Frai een pear leden fan it kolleezje fan B. en W. moasten it untjilde. Ek ik wie derby. Folle riedsleden krigen op 'e kop. Sâltsekken wierne dat. Hûndsjes dy't ^.chter B. en W. oanrûnen. Sa alteast is 't by my hingjen bleaun. Risseltaat: ôf en ta in sliepeleaze nacht foar my Mar ek mear Foar de ferkiezingsaksje yn 197^- krige ik ferskate "oare socialisten want ut dy hoeke waaide de wyn - op besite om ried, mei de fraach "hoe moatte wy hjir mei oan Soepboer, want dit wolle wy net It maklikst wie doe om te sizzen: "Stim op it C.D.A.", mar dat soe wat al te maklik en net earlik west hawwe. Hawar ek dizze episoade waard ôfsletten. As de P.v.d.A. der ek pol. jern by spûn hat, lit ik graach troch hjarren sels beantwurdzje Sept. 197^- Myn fréon Wierd Visser kaam yn de ried (no giet it oan jong). Ut wurd "Wantrouwen" waard troch him ynbrocht. De ried moast it kolleezje wantrouwe; uteraard net de minsken, mar wol it belied. En ik der mar tsjinoer stelle "yn in monistysk stelsel past wol kritysk folgjen, mar gj in wantrouwen" De ried kiest ommers sels hjarren wethâlders en sprekt dermei in stik fertrouwen yn hjarren ut. (in leske yn polityk sjoch) Wierst in goede learling Wierd. De leste jierren, benammen neidatst wethâlder waardsthaw ik it wurd net wer fan dy heard yn dit ferbân. En wy hawwe in freonskip opbout fan heech gehalte, dudlik mei troch dyn tadwaan. En werom yn dizze ofskiedspiets no earder-neamde krityk, sille jimme jim ôffreegje. Ek dat is misskien wol in gefolch mei fan in utspraak fan dyselde Visser, by syn installaasje as wethâlder. Hy sei do soksawat as: "en ik sil der nei stribje dat ut wurd earlik sintraal

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 9