Wurklistnûmmer17 Utstelnûmmer: 8D/188 Underwerp Stiens ,19 novimber 1980. Befoardering fan personiel bij de tsjinst fan gemeentewurken Oan de gemeenterie Nei oerlis mei de direkteur fan gemeentewurken binne wij fan betinken, dat yngeande 1 jannewaris 1981 de hearen SjGeertsma, B. Meerstra en A. Seepma, befoardere wurde moatte ta opsichter A (skaal 45 fan 'e leanoardering mei 15 tsjinstjierren Neamde hearen steane fanôf 1 july 1975 op it maksimum neamt yn skaal 32 fan de leanoardering. Fierders miene wij dat de hear P. Peringa, yngeande 1 jannewaris 1981, yndielt wurde moat in skaal 32, mei 14 tsjinstjierren. De hear Peringa is no yndielt yn skaal 18. Ek de hear G. van der Zwaag, haad fan 'e ôfdieling plantsoenen, komt nei us betinken foar in befoardering yn oanmerking. Wij stelle jimme dêrom foar him yngeande 1 jannewaris 1981 te befoarderjen ta haadopsichter. □izze funksje komt yn de leanoardering net foar. Mei jimme ynstemming sil dizze yn de nije leanoardering opnaam wurde. It lean fan 'e haadopsichter sil dan gelyk wêze oan dat fan 'e technysk amtner. Ta dit utstel binne wij kommen, omdat wy fan betinken binne dat de hear Van der Zwaag op juste wize dizze. funksje ferfolt. Wij stelle us foar,de hear Van der Zwaag yn dizze nije rang yn te skalen op twa tsjinst jierren Einsluten miene wij,dat de hear I. Hiemstra berjochte wurde moat, dat de omskriuwing fan syn funksje yngeande 1 jannewaris 1981 is: gemeente-amtner IV (sjef tunman). Wij stelle jimme foar yn te stimmen mei de hjirfoar neamde befoarderingen Boargemaster siktaris en wethâlders fan Ljouwerteradiel boargemaster. J.P.v.dKooi H. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 117