Wurklistnûmmer18 Utstelnûmmer 80/189 Underwerp Stiens, 19 novimber 1980 Oerdragsn fan it foech fan beneaming, befoardering en untslach fan it personiel fan de bûtentsjinst fan gemeentewurken Oan de rie. Op grûn fan artikel 179 fan de gemeentewet is de beneaming, befoardering en it ûntslach fan it personiel bij gemeentewurken in foech fan de rie. Dit yn tsjinstelling ta it personiel op 'e siktarij Yn de measte gemeenten is it foech fan beneaming ensfh. fan in part fan it personiel fan gemeentewurken oerdroegen oan it kolleezje fan boargemaster en wethalders. Sa't jimme witte is dit ek bart mei de beneaming ensfh. fan it ûnderwizend personiel foarsafier it net om in haad fan'e skoalle giet. De driuwfear hjirta wie, dat wij as kolleezje hurder ta in beslissing komme kinne Dit foaral mei it each op'e situaasje, dat faak mei in beneaming net lang utsteldwurde kin, omdat de gadingmakker noch mear sollisitaasjes rinnen hat. Dat leste kin ek bij it personiel fan'e bûtentsjinst. Yn san situaasje soe it in pré wêze dat wij as kolleezje in beslissing nimme kinne. Ek mei net ut it each ferlern wurde dat in kolleezje as de rie eins de tiid en de mooglikheit ûntbrekt om in goed oardiel te foarmjenoer de gadingmakker. Nei us betinken soe it dêrom better wêze it foech om it personiel bij de bûtentsjinst fan gemeentewurken te beneamen ensfh. oan us kolleezje oer te dragen. De beneaming ensfh. fan de technysk amtners, it haad fan'e plantsoenentsjinst en de direkteur bliuwt in foech fan'e rie. Wij stelli jimme ut it foech fan beneaming ensfh. fan it personiel fan de bûtentsjinst, fan gemeentewurken sa't hjirfoar omskrean is, yngeande 1 desimber 1980 oer te dragen oan us kolleezje. Boargemaster siktaris en wethalders fan Ljouwerteradiel boargemaster, JP.v.dKooi H. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1980 | | pagina 131