- 6 - Vraag 6 (C.D.A. fraktie) Yn it oanbiedingsbrief by de begrutting 1982 is de konkluzje lutsen dat it jongereinwurk fan klubhûs 8-88 in strop opleveret fan mear as 100.000,--. Neffens de gegevens fan de ynventarisaesje-nota fan it sosjaal-kultureel plan en fan it wurk- en beliedsplan 1982-1986 fan de Stichting 8-88 is de dielname oan it jongereinwurk op basis fan libbensskôging likernôch deselde a^ oan it jongereinwurk fan klubhûs 8-88. Nei oanlieding hjirfan de folgjende fragen: 1. Is it kolleezje mei us fan betinken, dat hwat it jongereinwurk oangiet, de meast betrutsenen derby, yn dit gefal sawol âlden as bern, it karakter fan dat jongereinwurk bepale moatte 2. Is it kolleezje fan betinken, dat, as in great part fan de boargers yn us gemeente kiest foar in organisaesje op basis fan libbensskôging dizze boargers deselde rjochten ha moatte as de boargers dy't kieze foar in organisaesje op basis fan algemiedheid 3. Is it kolleezje mei us fan betinken dat de yn fraech 2 oantsjutte gelyk- berjochtiging ek yn it subsidiebelied ta utering komme moat 4. Achtet it kolleezje it reedlik dat, yn de hjoeddeiske situaesje, hweryn't neffens ûs fan gelykberjochtiging noch to min sprake is, in part fan de boargers it eigen jongereinwurk bekostiget en via de belêsting, it jongerein wurk fan klubhûs 8-88 mei betellet.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1981 | | pagina 84