Antwoord B. en W. De utgongspunten foar bekostiging fan it jeugd- en jongereinwurk fan de Stichting 8-88 en dat fan organisaasjes op libbensskôglike grûnslach hawwe wiidweidich oan'e oarder west by de fêststelling fan it sosiaal- kultureel mearjierre-plan foar de période 1982 oant en mei 1985. De tinzen dy't dêroer yn us kolleezje libje, binne ferwurde op side 2 fan de beslutelist fan de gearkomste fan de gemeenteried op 9 septimber 1.1. Der wolle wy nei ferwize. Fierder3wolle wy nei oanlieding fan de fjouwer fragen fan de C.D.A.-fraksje "Jt neifolgjende opmerke: 1. It leit yndie foar de hân, dat de meast betrutsenen it karakter fan it jongereinwurk bepale moatte. By de Stichting Sosiaal-Kultureel wurk binne sawol de yntinsjes as de mooglikheden dêrta oanwêzich. 2 en 3. Op side fan it Sosiaal-Kultureel plan wurdt ûtsprutsen, dat der romte is foar aktiviteiten op libbensskôglike grûnslach. Dêrmei is de yn de fragen bedoelde gelykberjochtiging as utgongspunt erkend. De fraach is. hoe't dit utgongspunt, tegearre mei de oare utgongspunten fan it Sosiaal-kultureel plan, utwurke wurde moat yn de Sosiaal-kulturele plannen en programma's. Dy fraach wurdt yn earste ynstânsje beantwurde troch de Beliedskommisje Wolwêzens- saken, dy't foar subsydzje foardroegen aktiviteiten hifket oan de kriteria en prioriteiten fan it Sosiaal-kultureel plan. Yn lêste ynstânsje wurdt it sosiaal-kultureel programma en dêrmei it subsydzjebelied fâststeld troch de gemeenteried. De riedsfraksjes kinne dan it ûntwerp-programma beoardiele oan'e hân fan har eigen utgongspunten, fizy's en prioriteiten. 4. Subsidiearring fan Sosiaal-kultureel wurk hat prinsipieel in oanfoljend i karakter. Ek it klubhûs 8-88 is in oanfoljende foarsjenning en in organisatorysk ramt. der't ek oare aktiviteiten en organisaasjes gebrûk fan meitsje kinne. Yn dat ljocht moat subsidiearring fan it klubhûs besjoen wurde. Dêrom dat gemeentelike belêstingheffing foar dit doel dan ek neat ûnneedliks.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1981 | | pagina 85