1 Bij it opmeitsjen fan dizze leste algemiene skôging fan dizze sittingsperioade wurde aile gemeentelike swirrichheden oerfleugele troch datjinge wat der yn Poalen bard. Alhoewolt dit net ta de gemeentepolityk heart kin ik net neilitte hjir op yn te gean. It falen fan it systeem moat men as ien fan de oarsaken sjen fan de grutte tekoarten yn dit lan, alteast sa liet Wim Kok him moandeitejûn foar de televysje ut. We hawwe yn it ferline ek wol sjen kinnen dat it falen fan bepaalde systemen grutte maatskiplike gefolchen ha kinne. Men hoecht allinnich mar oan de leste oarlogen te tinken. Ik bin dan ek fan miening dat it tige gefaarlik is dat in bepaalde partij of in bepaald systeem in te grutte macht of in autonome macht kriget. Dan is de echte demokrasy fier te sykjen. Hjir blykt ut, dat if foaral yn tiden dat it minder giet men inoar mear nedich hat en aile persoanlike en oare lytse ferskillen oan kant sette moat en kin. Dat dit ek yn us lân kin, ha wy snein sjen kinnen, doe't it konfoai frachtauto's nei Poalen ôfsette. Sa'n grutte ienriedigens tusken ûndernimmers dy't har materijaal gratis ynsetten, en sjauffeurs dy't under dizze net maklike omstannichheden harsels fergees beskikber stelle foar de meiminske yn need. Doe't sy as ien man besluten te riden, koe men dochs sjen, dat in lyts lân grut wêze kin. My tinkt, dat men hjirfan yn de polityk hiel wat leare kin, foaral yn de lânspolityk soe sa n ienriedigens en it tapakken wol nedich wêze; lit us hoopje, dat dizze minsken net sa lang wachtsje moatte oan't de need echt oan de man komt. De gemeente hat seker ek te lijen fan de weromrinnende tastân op ekonomysk mêd. Wat my opfalt is dat it ryk de gemeente mear taken taskout sûnder der in finansieringsplan by te leverjen. It gefolch hjirfan is wol dat de lêsten dy't op'e gemeentefintnsjes drukke, ta nimme en yn de kommende jierren sit hjir gjin daling yn. De utkearing fan it ryk sil ek fêst net yn ferhâlding stean mei de stiging fan de kosten. Ek de boarger sit mei itselde probleem: de kosten fan it libbensûnderhâld stige. Ik hoech hjir gjin foarbylden fan oan te heljen, men wit it allegear wol. Ek hjir jild itselde ferhaal: de ynkomsten geane yn ferhâlding net mei omheech. Yn dit ramt kriget it Kolleezje fan B en W de opdracht safolle mooglik te besunigjen yn de begrutting fan '82. Gjin maklike opjefte foar B en W. It reade potlead moast der yn en ferskate ynfesterings moasten op'e lange baan skout wurde, lykas hjoed ek yn it bedriuwslibben bart. Ek de gemeente moat as in bedriuw sjoen wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 11