-2- It kolleezje is der yn slagge de begrutting sa gear te stallen dat de boarger, alteast wat de Gnreplikguodbelesting oanbelanget, net swierder beleste wurdt. Yn dizze tnd fan it minder wurden fan it besteechbere ynkommen tige wichtich. It tsGget fan ynsicht fan B en W dat hja der yn slagge binnen de kosten binnen de perken te hâlden. Ik ha yn it foarige sein dat we de gemeente sjen moatte as in bedriuw. - Net tsjmsteande de weromrinnende ekonomy moat in bedriuw draaie wol it bestean bliuwe, sa ek in gemeente. As we de begrutting sjogge, bart der ek noch wol wat yn it gemeentelike bedriuw. Uteraard kin en wol ik net aile punten ût de oanbiedmgsbrief oanhelje. Lykwols kin ik net neilitte inkelde punten oan te heljen: de ien wichtiger as de oare. Ik wol de punten net yn folchoarder fan belangrykheid neame. Inkele punten komme nei foaren. De ûntwikkeling fan de utkeanngen wat it Ûnderwiis oanbelanget is ferGntrestend. It learmiddelen budsjet wurdt 4,77 ynkoartwylst der nochris 8,96 de learling koart wurdt op de saneamde randvoorzieningen'skealswimmen, Gnderwiisbegelieding, ensf.h.. Dat nettsj insteande dizze sifers de 'remédiai teaching' fuortset wurdt, bin wy as fraksje tige wiis mei: op dizze wize komme de kans earme bern dochs oan har trekken. De resultaten binne ek geunstich: dit is goed besteege jild. Der sil wol socht wurde moatte nei oare besûnigingen op it med fan Gnderwiis. Meunnoar sille wy der nei stribje moatte de kwaliteit te behalden. By de utfiering fan rekonstruksje yn it kader fan it ferkearsplan sille der noch mear prioriteiten steld wurde moatte en sil der fest wolris minder oan bepaalde winsken en easken foldien wurde kinne. Dit jild ek foar de ynvestearringen. Men sil yn de takomst mear passe en mjitte moatte. Nei oanlieding fan G.o. de snieoerlest fan 1979 soe der in gemeentelik rampen- Plan °Psteld wurde. Troch ferskate oarsaken is dit noch net reallisearre. We sitte no wer yn'e snie en it is in prachtich gesicht. We moatte lykwols stadich- °an al klear wgze foar eventualiteiten. Yn dit ramt wol ik ek wize op'e dyk, dy't Fryslan omklammet. Ik ha nei de stoarm fan foar 3 wike ris op'e dyk ten Noarden fan Hallum sjoen en de skrik sloech my doe om't hert: de floedlijn hat tige heech west. Ek yn de ried fan Menameradiel is de soarch utsprutsen oer de seedyken om Fryslan. De moasje waard stelt as in emoasje, mei de efter- grun.ifan wachtsjen yn de hope Gnderwilens net te fersGpen. Dit mei en kin sa net trochgean. We hawwe no gjin tiid om der oer te praten, mar der moat in dyk komme. Sa binne der noch mear gefaren, tink mar oan in oarloch en ailes wat der mei gear hinget. We kinne soks net foarkomme as gemeente, mar we moatte dan net mei de hannen yn it hier stean.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 12