-3- Ek yn us gemeente is in stiging fan it oantal minsken dy't foar bystân en wurkleazens-utkearing yn oanmerking komme. We kinne dit sjen as in spoek dat boppe us hinget. Wannear de ekonomy wer oanluke sil witte we net, mar it wurdt ailes meiinnoar in post op de begrutting fan de oerheid dy't men mei soarch oanskôget. It is foar de betrokkenen it slimste en ik> soe neat leaver wolle as in grutte wurkeleazens op dizze ôfdielingen, dan bedoel ik de ôfdieling -sociale zaken. Yn it begjin ha'k sein dat dit de leste skôgings fan dizze sittingsperioade binne. Hoe't de ried der takommend jier utsjen sil witte we pas nei de folgjende ferkiezings. Dejingen dy't der dan sitte, sille har bewust wêze moatte, dat it teLang fan de boargers foarop stean moat, just yn de kommende perioade en dat men polityke stokpaardjeswolris farre litte moat. Hjirby hoecht men uteraard jins oerstjuging net farre te litten, mar besjoch dit ailes wol yn syn totaliteit. Ik wol beslute mei in wurd fan dank oan it Kolleezje fan B en W foar de gear— wurking en it jaan fan ynljochtings. Ek de ambtners op de sekretary en de tsjinst gemeentewurken wol ik tankje foar de wize werop hja altyd wer mei rie en die foar us klear stiene. H.A.J. Boersma.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 13