II. F.N.P. No 't it ein fan myn 2e 4-jierrige période as riedslid al wer yn 't sicht komt, moat it my dochs fan it hert dat de forhâldingen der skerper op wurden binne. Sette men yn it begjin fan myn earste jierren sa no en dan mekoar noch wolris mei in wat mylde humor te plak, it wurdt de leste jierren oars, faak op de man spile. Wy moatte us hjir sa machtig as wy hjir binne wol tige foar hoedzje en dit net oerdriuwe soe ik sizze. In goede sfear yn in gemeenterie is belangryk genôch om us der meimekoar foar yn te setten. Foar mysels besykje ik sakelik en nofter it algemien belang te tsjinjen en net it. beheinde groepsbelang. Dat is gewoan us utgongspunt. Ik freegje my ek net ôf as ik dan altyd wol yn de gunst bliuw fan dyjingen dy't my dizze stoel taparte hawwe. Ien kear yn de 4 jier hawwe de kiezers har kâns en dy moatte dan mar witte as hja us al of net stimme wolle. Ik haw der frede mei. De opmerking dy't noch alris dien is, dat ik it as ienmansfraksje sa makkelik haw om mei in eigen miening te kommen, wiis ik fan de han, want elts riedslid hat folgens my, ut wat foar fraksje as der dan ek mar komt, krekt as ik, de plicht earlik foar it mienskippelik belang op te kommen. It spyt my, mar wy rinne derby faker tsjinmekoar op as yn it forline, werby wy fanselssprekkend wol ynkalkulearje moatte dat bestjuren yn in al mar del- geande tiid, gâns moeliker en Gnpopulairder is dan yn in tiid dat ailes mar koe en wy mienden dat de beammen nea wer op hâlde soenen te waaksjen. Foarsitter no ta de saek. Ik wol dan begjinne mei it saneamde ferkearsplan. Uniawei, Langebuorren yn in nei jaske, en it liket derop. Mar ferkearsdeskundigen of dyjingen dy't har der foar utjowe skine net altyd praktysk te wêzen, bygeliks de utrit foar bussen yn de buorren jowe swierrich— heden. De krusingsdestiids utwreide, faak mei soarch en muoite fan neistlizzer, binne no besnijd en ynhelle. De ferkearsdrompels wer't ik it nut net fanynseach, tinne fuort nei de iepening al wer bijsteld.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 15