- 2 - Ik tink oan de rêkonstruksje fan de Felixwei en syn drompels. By skoallen is der hiel wat foar te sizzen, mar as mei behelp fan stedebouw- kundigen untwurpen plannen fan strjitte en wegen fan noch mar inkelde jierren al wer op nij oanpast wurde moatte, dan freegje ik my wol of of hjir net wat al te makkelik mei djûr mienskipsjild omsprongen wurdt, want dat jild krije wy net fan Sinterklaes mar it is fan us, fan de mienskipl Benammen fan myn ferkearskommisje-freonen krij ik wolris de yndruk dat se noch oan Sinterklaes leauwe. En no mar wachtsje op de ferljochte geasten dy't nei in stikmannich jierren miene dat ailes wër oars moat. Och wa wit it? Meskyn is der dan net iens mear in botsen te ferpatsen. Net dat ik it hoopje, mar it soe sa wêze kinne. Kunstwurken. Der wurdt yn us fraksje wakker ûngelyk oer tocht, mar it moaiste kunstwurk fan Stiens is foar my noch altyd de nije mûne. Wat bin ik dêr wiis mei. En net allinnich dat dy mûne der stjit, né, hy draait èk noch, hy hat in funksje! In boppeslach soe ik sizze, net allinnich foar Stiens, mar foar hiel Ljouwerteradiel. Flak neist de mûne leit it swimbad en dat kostet us meimekoar hiel wat mienskips- j ild In fraach foarsitter, soe it ek mogelik wêze om dy machtig draaiende wjokken tagelyk te brûken foar it opwurkjen fan energy om it swimbad te ferwaermjen? Ik soe sizze, lit dat mar ris neigean. Wy hawwe wol earder sinten brûkt foar minder wichtige saken, alteast dat is myn miening Mjitten mei twa mjitten. Né, fansels dat kin net, want dan mjit men net goed en as men net goed mjit is dat ûnredelik, om mar net te praten fan ûnearlik. Elts wit wat ik bedoel. Dat der sa'n heibel west hat, om in foar us gemeente, yn syn algemienheit besjoen, lyts grapke, as dy stikmannich sinten dy't de mannen van Loanstra's leanbedriuw te barren hienen, hat my tige sear dien. Ik haw my wolris ôffrege, as us bestjûrders en myn kollega's riedsleden fan wat foar partij dan ek, wol witte wat saken dwaan is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 16