- 3 - Yn 1979 wie der een needsituaasje. Dan moat der holpen wurde, sa leit dat gewoan. Elts dy't in bytsje sakelik ynsteld is, wit dat dy mannen fan Loanstra der yn dy metershege snie net stienen te miggenfangen. Dat soe trouwens mei rjocht in biologysk wûnder wêze. Lokkich binne\ myn freonen riedsleden en B. en W. no sa njonkenlytsen ta de .konklusje kommen, dat de rekken betelle wurde moat. Ik bin der tige wiis mei, myn hertlike tank oan de fraksjes fan de oare partijen. Dat dy mannen de rinte der by ynsketten hawwe is foar my in swier te fertarren saak. It komt der op del dat se in fooike efterneismiten krije. Ik hoopje as riedslid soks nea wer mei te meitsjen. Dat de fraksje fan de V.V.D. yn har motifaasje hiel dudelik utkomme liet dat se dizze saak leaver net wer yn de iepenbierheit haw, haw ik my oer ferwûndere. Is dat no moderne demokratsy? En dat fan in klup dy't him neamt:"Voor Vrijheid en Démocratie". No foarsitter, nim my net kwealik, mar dit giet my boppe de pet. Peuterwurk. In rëorganisaasjeutgien fanut "8-88" (in typysk staaltsje fan modem kapita- listysk tinken) in stikje frijwilligerswurk oer te heveljen nei de sektor berops- krêften of oars sein, betelle liedsters mei in C.A.O. ûnderdak, helle it mei glâns yn de Rie. De F.N.P. wie tsjin! Oan mienskipsjild kostet us dat no f 50.000,wylst in moai stik kulturiel wurk (meije wy ek nochris wat foarelkoar dwaan sGnder dat it direkt betelle wurde moat?) nei de knoppen holpen wurdt. Tink jo ris yn as wy dizze lein konsekwint trochlGke soenen foar bygeliks bestjûrders fan us foatbalferieningsdoarpkrantsjes ensafoarthinne, dy't faak belangeleas in hûd fol wurk dogge. Wat in posityf stik folkskrêft, wat moatte wy der wiis mei wêze! Ta myn greate befrjemding stelt dyselde Rie gjin 3 fearnsjier letter ut om de betelle krêften mar wer ôffloeie te litten en mei frijwilligers fierder te gean, mar dan wol Gndertafersjoch fan in pear beropskrêften, betelle fansels! No hawwe wy it dan wol hielendal utfGn soe ik sizze. Betelle krêften en idealisten neistmekoar wurkje en dan is it ek noch net Gnmogelik dat der Gnder dy frijwilligers sitte dy't mei kop en skouders boppe de betelle krêften utstekke! Siz no mar net dat soks net "verkeren kan". BestjGrlik sjoen net botte geef tocht ik.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 17