-4- It wolwêzen plan. Ik freegje my mei soarch Ôf of wy it ek tefolle taspitse op it jongereinwurk yn 8/88, sjoen it greate bedrag en de ynset hjir oan bestege, freegje ik my of as hjir wol oan de forwachtingen, dy't wy redelikerwize forlangje meie, foldien wurdt. Is it wol sa dat de opgroeiende jeugd der op in sinnige menier Ûnder halden wurdt en foar syn lettere foarming wat meikriget? Wer bliuwt it ûtstrielingseffekt mei us kulturele forieningen en maatskippelike ynstellingen? As, nei 't ek my fertelle litten haw twa fan de trije kreften Ûs Fryske taal net rens prate kinne, dan is dat alteast mei it each op Ûs eigen kultuur al net botte moedjowend. En hoe komt it mei Ûs besteande kulturele ynstellingen en mei ûs doarpshÛzen, lizzende yn de lytse doarpmienskippen bÛten it sintrumplak Stiens? Ailes lit him der nei oansjen dat dy it yn de neibije takomst tige muoilik krije. Is it dan wol ferstandig om in tige greate hap 8/88 ta te spyljen? Km dit ek liede ta in iensidige ynset mei as gefolch in oantaasting fan de besteande kultûrpetroanen fan ûs bûtendoarpen? De lûdshinder. Dit weacht foar Ûs tige swier. Wy moatte dizze problematyk net Gnderskatte en rekkenj e, derop dat B en W yn de mande mei har kollega's fan Menameradiel en de Kommisje Lûdshinder de saak op de foet folget. Us doarpen meije nea weibrutsen wurde, hoe dan ek! Dit moat te aile tiden foarop stean. Wenweinfoarsjenning Foarsitter ek it beslût fan in wenweinlokaasje te Stiens, sa ticht tsjin de besteande en takomstige nijboubewenning oan, sil frij greatte beswieren en konsekwinsj es opsmite. De F.N.P. is hjir optsjin. In Kampmg realisearet men ek net yn en by de bewinnne bebouwing. Utwreiding sportfertsinningen Jelsum/Koarnjum. Mei de tasizzing fan B en W ferwachtsje wy yn de takomst ûtwreiding fan de besteande sportfertsjinningen mei in nei fuotbalfjild yn Jelsum/Koarnjum. Wat de bestjûrsleden fan san fuotbal-klup opbringe, haw ik great respekt foar. Hjir leit in geweldich stik folkskreft, der't wy aile stipe oan jaan moatte. Algemien. Foarsitter, nei oanlieding fan de begrutting, net allinnich fan no, mar ek dy fan de kommende jierren, in pear fragen en algemiene opmerkingen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 18