-5- Om mei de leste te begjinnen, De puddingbrij en it rys mei rezinen, it is op, it is foarbij en der sille wy oan wenne moatte, It is noch net ta us allegear trochdrongen, mar wy sille us yn de kommende jierren behelpe moatte en ik jow ta, dat moat leare. Zijlstra fan de Nederlandse Bank hat it al sa lang en safaak sein en syn opfolgerex-minister Duisenberg, flegte ut de polityk, omdat hy der de bibbers krige, dat is alteast foar my in dudelike saak, sei koartlyn yn in fraachpetear "De financiële verhoudingen liggen thans helemaal scheef in Nederland. Dat moet snel gecorrigeerd worden en dat houdt pijnlijke, maar onontkoombare bezuinigingen in." Myn miening is dat wy as lytse jonges yn it hiele landelike bestel, mar lykwols wichtig op it plak wêr't wy steane en wêr us ferantwurdelikheit leit, wy sille yn de kommende jierren, al hoe moeilik, al hoe impopulair dat dan wêze mei, hjir fan utgean moatte. Hjir leit foar de kommende jierren us taak, hjir leit us opjefte. It kin net oars. De sompen yn of stadichoan by de wâl op klauwe. Lit us meimekoar us bêst dwaen, de skouders der Gnder en dan rêdde wy it op. Yn it ramt fan de begrutting stean ik gjin ferheging fan de Gnreplikgoud- belesting foar. In belestingsysteem dat net ôfhingklik is fan it ynkommen fyn ik ûnredelik. It treft dan yn it bisGnder Gndernimmers-agrariërswêr in frij grut part hjoed de dei op of Gnder de reade streep rekket. Ek foar eigen wintbesitters wêrGndeç in protte mei swiere hypotheeklêsten, is dit in oantaasting yn har wolwêzen. Wy as legere oerheit sille ek oip dizze groepearringen tinke moatte. Ta beslut wol ik eltsenien tankje, wêr ik mei gearwurke haw. Yn it bisunder myn skaadfraksje wer ik tige bystân en stipe fan meikrigen haw. Ik wol beslute mei jimme allegear in goed utein ta te winskjen en my. tocht mei wol in wat soarch foar de takomst. F.N.P.-fraksje Ljouwerteradiel O.M. Faber.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 19