Foarsitter Wylst yn Poalen sûnt inkele dagen de needsituaasje utroppen is, hwerfan de gefolgen op dit momint noch net te oersjen binne wylst yn Geneve ûnder- hannelers ut Ruslân en Araerika sitte te praten oer wapenbehearsking en -fermindering, saken dy't ailes te krijen ha mei it al as net fuortbestean fan dizze wrâld, wylst de lêstneamde troch de sniefal fan de leste dagen in mearke liketsit ik my te betinken hwat te skriuwen en te sizzenoerdat lytse en meastentiids sa saaklik gemeentelik bedriuw. En min freget jin soms SfHat it sin Is it wurk dat wy as bestjoerders miene dwaan te moatten yn it belang fan'e ynwenners fan us gemeente fan betsjutting as we dit ôfsette tsjin it wrâld en nasjonaal barren. Myn fraksje miende en mient fan wol. Ommers yn in lytsskalige rûnte, wer't min de saken dy't der spylje noch ûnder- kind en oersjen kin, wer't de maatregels dy't bestjoerders foarstelle en utfiere noch kontroleerbaar binne by foldwaande iepenbierensis it demokratysk hanneljen it beste waarborge, is polityk bedriuwen gjin doel - sa as sa faak bard, mar nea barre mei - mar middel om dy dingen ta stân te bringen dy't foar de boargers sawol geastelik as stoffelik fan belang binne. Te faak wurde de gemeenten hjirby behindere troch wetten, foarskriften, regels ensffan boppe gemeentelike oerheden, wertroch it eigen foech fan it gemeentelik bestjoer tige beheind wurdt en wertroch utfiering jaan oan troch de rie nommen besluten fakentiids fierstentelang op him wachtsje lit. Foar de boarger binne dit faak ûnbegryplike saken en mei dertroch ferliest min syn belangstelling foar hwat der op gemeentelik polityk mêd bard. It is bygelyks spitich te merkbiten dat sa'n bytsje minsken de iepenbiere gearkomsten fan ferskate riedskommisjes.en riedssittingen besykje en we moatte us as bestjoerders ôffreegje hwat derfan fierders de oarsaken binne en hwat der oan te dwaan fait om dit te feroarjen. Us krewearjen foar desentralisaasje - it jaan fan mear sizzenskip oan legere oerheden - kriget allinne dan ynhâld as ek dudlik bliken docht dat de boarger op aile mooglike terreinen fan bestjoer meidocht oan en meitinke wol oer de te nimmen maatregels. Earst dan is der sprake fan ferdieling fan macht, wertroch gefoelens fan bûten de doar stean, fan it net mear sitten sjen, fan it lit mar sitte, ombûgd wurde kinne ta hoop- en ljochtjaende gefoelens yn dizze faak donker en hopeloas lykjende wrâld. Ien fan de middels om it "ik"-tiidrek om te foarmjen ta in "wy"-tiidrek - it tiidrek weryn de minsken wer ta it ynsjoch komme dat we wer mei elkoar libje, lye en stride moatte om te oerlibjen en werby en wertroch it demokratysk gehalte fan us maatskappy allinne mar side spinne kin.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 21