- 2 - Foarsittersa't fit it foarofgeande al bliken docht, binne we tige ynnommen mei it feit dat - yn oerienstimming mei us ferkiezingsprogramma - it selsstannich fuortbestan fan us gemeente yn dit ôfrûne tiidrek fan fjouwer jier in feit wurden is It lytsskalige is hjirtroch bewarre. Ynnommen binne we ek mei it iepenbier meitsjen fan hast aile gemeentelike kommisjes in saak dy't us altiid tige heech lei en yn it tastân kommen werfan we noch al warber west ha. It sprekt fansels dat min - it wurd ferkiezingsprogramma is al fallen - tsjin de tiid fan'e ferkiezingen foar de gemeenterie efkes stil stiet by de utfiering fan it ferkiezingsprogram fan us party en it kolleezje program sa as dat ûnderskreoun is troch de fraksjes fan it C.D.A. en de P.v.d.A. yn dizze rie. Beide ha foar us yn dit tiidrek eltse kear wer utgongspunt west by it meitsjen fan belied yn dizze gemeente en sa heard in politieke partij ek te wurkjen opdat de kiezers sjogge - sjen kinne - dat min te krijen hat mei in dudlik en oersichtelek belied. Uteraard binne net aile foarnimmens, ideeën, ensf. utfierd as krekt sa ta utfiering brocht sa't se op pepier stiene. In polityke partij moat de moed ha om mei it each op bisûndere omstannichheden en dy binne kommen en komme dernoch mear hjirop yn te spyljen en syn prioriteiten sanedich te ferlizzen. Krekt yn noedlike situaasjes kin min sjenlitte hwat polityk bedriuwen betsjut, om't ditalles te krijen hat mei it meitsjen fan jins kar en dan ek sil dudlik wurde kinne hoe it ferskil fan utgongspunten fan'e ferskillende pol.partijen yn dizze rie yn'e praktyk utwurket. Geane we de punten neamd yn us ferkiezingsprogram en it kolleezjeprogram fan C.D.A. en P.v.d.A. noch der ris nei dan docht bliken dat fierwei it greatste tal derfan yn in tiidrek fan trije en in heal jier utfierd is as wol y.n utfiering nommen is. Amtners en bestjoerders ha bepaald net stilsitten. Nest de beide punten dy't ik al earder neamde wol ik noch wol wize op in oantal oare De regio-Noord kaam mei ynstimming fan de greatst mooglike mearderheid fan us fraksje ta stân. Yn it ferline en ek nou noch is us fraksje altiid tige kritysk west tsjinoer regio-foarming en it funktionearjen derfan. Dy krityk is us yn't ferline net altiid yn dank ofnommen mar ik mien wol sizze te meijen dat troch u.m. us halding tsjinoer it regiobarren nochal hiel hwat wizige is yn statuten en reglementen derfan wertroch foar us ynhald en wurkwize fan'e Regio gâns better te priuwen is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 22