- 3 - De nota Wolwêzen foar us gemeente werfan de opstelling en it festlizzen in protte tiid frege hat fan in "bulte minsken krige foar it greatste part de stipe fan mijn fraksje. We hiene en ha respekt foar aldy jingen dy't meiholpen en ynsprutsen ha om dizze nota dy't it belied op dit mêd oanjowt foar de jierren 82/86 ta stân te bringen. Merkbite ha we kind hoe in slim stik it is om saken dy't jierrenlang min as te mear regele waarden fanut Den Haach te bringen nei - hwat we allegeare graach sizze te wollen - it lokale bestjoer. En we kinne it boarst mar wiet meitsje as we ek op oar mêd te dwaan krije mei in fierdergeande desentralisaasje benammen as de jildkraan yn Den Haach fan'e iene wike op'e oare, ja soms hast fan'e iene dei op'e oare sa fier tichtdraaidwurdt dat de streamen jild oergeane yn drippen. Klear kamen fierders nije as ferbettere sportfjilden yn Aide Leie, Hijum en Britsum en komt min noch mei in foarstel oer it sportfjild yn Jelsum. Ek it ferkearsplân kaam klear en de utfiering waard jûn hjiroan op'e Uniawei en yn'e Langebuorren en in elts kin op dit momint sjen hwat it wurden is. Us fraksje is oer 't gehiel nommen tige tefreden oer de utfiering fan dit part fan it plan, hoewel der noch wol tûkelteammen binne. De wei Stiens-Froubuorren - in ferbettering - waard utfierd, ferkearsljochten yn'e wei Stiens-Ljouwert waarden oanlein. Ek dit leste gâns in ferbettering mar tefreden is mijn fraksje net salang net in oplossing fûn is foar benammen de fietser oer in feiliger wei te gean fan Stiens nei Ljouwert. We binne derom tige benijd hwat it ûnderhâld dat it kolleezje yn jannewaris mei deputearre Dankert ha sil oer dizze kwesje opsmite sil. Nei it betinken fan us fraksje hie en hat de oanliz fan in minder gefaarlik fytspaad prioriteit boppe de noch al yngrypende ferbettering fan'e wei Ljouwert-Stiens en mei de oanliz fan dit paad bepaald net noch jierren op him wachtsje litte. Wachte wurde mei net op'e ferbettering fan'e wei utfierring derfan kin noch tiden duorje te mear nou't de gemeente Ljouwert dudlik witte litten hat dat de oanliz fan'e Noordtangent by hin gjin hege prioriteit hat. Bliid is myn fraksje mei it belied dat troch it mei rynske hân beskikber stellen fan jilden, it tastân kommen fan doarpshûzen as utwreiding derfan y.n'e doarpen Aide Leie, Hijum, Britsum en Koarnjum mooglik makke hat. Foar de lytste doarpen fan greate betsjutting foar it wolwêzen fan harren ynwenners. Nye skoallen - en der binne we tige mei ynnommen waarden boud yn Hijum - Britsum en Stiens. De skoalle akkomodaasje yn us gemeente, kin hwat klear kommen is besjen lije. Organisatorysk diene har yn 't leste jier mei de personielen fan de skoallen noch wol der ris hwat problemen foar. De wikseling fan amtners op'e ôfdieling ûnderwiis wie hjir mei - debet oan.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 23