- k - Om soks foar te kommen yn'e takomstriede we it kolleezje oan nou't der in vacature untstiet oer te gean ta beneaming fan in hwat swierdere kreft foar dizze funksje. To faak moat de wethâlder sûnder goede advyzen de saken ôfdwaan. Ynhâldelik, dit bmammen mei help fan'e skoallebegeliedingstsjinstfait der de kommende jierren noch hiel hwat wurk te fersetten as we allinne war tinke oan'e ynfiering fan'e wet op'e basisskoalle en tageliik oan'e Sfvloeiing fan personielsleden troch it weromnimmende tal bern dat de skoallen yn'e takomst befolkje sil. Yn dizze ne hat myn fraksje by de petearren oer'e ûnderwiisbegeliedingstsjinst faker as ien kear nei foaren brocht dat de gemeentelike stjoergroepen mear sizzenskip knje moa-sten en derom docht it us goed dat yn'e nye opset fan dizze groepen hjir fan sprake wêze sil. Dizze nye opset freget wol dat oer net te lange tiid i-n gemeentelik ûnderwiisbelied stal kriget en we ferwachtsje dan ek fan it kolleezje dat min tige oandacht skinkt om te prebearjen noch yn dizze riedsperioade kommen mei foarstellen dit oangeande. Foar Hyum en foar it iepenbier ûnderwiis hat it stiftsjen fan in beukerskoalle der in wiis beslut fan'e rie west. Ik ha - foarsitter - tal fan saken neamd hweroan yn't ferline omtinken oan jûn is en hwerfan de realisaasje yn'e measte gefallen feit wurden is - tink ek oan'e offisiële iepening fan it Skilhiem en de ferhier fan it aldebejaardenhûs Neamd ha'k se net allinne, mar de betsjutting derfan ek hwat trochlutsen nei de takomst. Dit wol fansels net sizze dat oare saken troch us net wichtich fûn waarden as wurde. Mar ailes neame kin net en soe ek it gefaar meibringe kinne dat de harker en de lezer tinke koe dat we us great en foldien fiele. En dat is bepaald net it gefal. We fiele us lyts tsjinoer hwat yn't begjin fan dizze skoging sein.is en bepaald net foldien om't der noch sa folle ticht by hûs en fierderop yn'e wrâld te dwaan fait om der foar te soargjen dat in bettere ferdieling fan stoffelike en net-stoffelike saken plak fine sil, opdat de macht fan inkelingen beheind wurdt en konflikten dertroch minder gau ûntstean en utdye kinne. Skôgjen - foarsitter - haldt net yn't foarste plak yn in sjen nei it ferline mar freget jin benammen te praten oer it no en te tinken - sa nou en dan al dien oan en oer de takomst It no oangeande it gemeentelik belied leit hjir jûn foar us yn'e foarm fan de oan- biedmgsbnef by de begrutting, de begrutting alsmei de skriftelike fragen en anderten derop en de subsydzje foarstellen. Oer it gehiel nommen kinne we us fine yn'e wize hwerop de begreating de fertaling yn sifers fan hwat we dogge, dwaan moatte en dwaan wolle mei help fan de amtners opmakke i s We ha nei us betinken yn dizze gemeente te krijen mei in sûn r en dat yn tsjinstelling ta in protte oare gemeenten op dit momint - jildelik belied en it past us it kolleezje derfoar tank te bringen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 24