- 5 - Hoewol de jildelike romte troch de ekonomyske omstannichheden lytser wurden is sadat hjir en dêrre hwat snijd wurde moast is it kolleezje deryn slagge in "begrutting oan tebieden hwerut foar de ynwenners fan dizze gemeente net daliks bloed streame sil. Op in lytse ferheging 2% nei foar it ophelpen fan us smoargens komt it kolleezje net mei en dat yn oerienstimming mei de winks fan'e rie foarstellen ta ferheging fan gemeentelike belestingen en retribuusjes Dat sprekt us tige oan yn in tiid hweryn benammen de sosiaal swakkeren it al muoilik genoch ha. Ek foar it opmeitsjen fan in begruttingbestietit oer U, it momint werop dizze klearwêze moat, It kin hast net oars .as nei dy tiid komme noch rûnskriuwensberjochten en begruttingen fan tsjinsten binnen, hwertroch de opstelling fan sifers wizige wurde kin - in saak dy't ek in kolleezje net oan te rekkenjen fait. Dizze sifers kinne yn it foardiel en it neidiel wurkje fan 'e opstelde begrutting en de dermei gear- hingjende foarstellen. Myn fraksje mient dat mei de sifers dy't him op dit momint ta beskikking steane de stan fan saken posityf neamd wurde kin en komt derom aensens by agendapunt 10 mei in utstel oangeande de foarstellen neamd op side 10.11.12.13 fan foarstel nr. 81/161. Hwat we misse - it is troch us wol faker sein - is in mearjirrenbegrutting. Nimmen wurdt it untbrekken hjirfan troch us kwea ôfnommen mar we binne fan betinken dat foar it kolleezje, de rie en de ynwenners fan us gemeente folle dudliker makke wurdt/ wurde kin hwat us yn'e takomst te wachtsjen stiet. In goede analyse fan sifers ut it forline en it no. Soe us faaks sjen litte kinne hoe in protte dingen karren krekt untjowe, makke it faaks mooglik gau oan te wizen wer't dea hout is dat kapt wurde kin en/of roait. Foar de kommende jierren hweryn we leare moatte mei minder ta te kinnen, fynt myn fraksje dit fan greate betsjutting. Ynformaesje troch de média mar foaral ek gesprekken mei de minsken fan sosiale saken leare us dat de wurkleazens ek yn us gemeente hurd tanimt. Myn fraksje stiet der derom by it kolleezje op oan en dat docht ek bliken ut 'e skriftelijke fraach hjiroer steld dat it al it mooglike docht, utsiket hoe, om te prebearjen foaral jonge wurkleazen oan it wurk te krijen en foar safier mooglik te tinken oan it tapassen fan dieltiid wurk. Sjûn de tanimmende automatisearing mient myn fraksje dat we net folle hoop ha hoege op in drastische ferleging fan it tal wurkleazen as gefolg fan in wer kommende ekonomyske bedriuwigheit Om dy reden sille we wol weromkomme moatte fan'e idee fan groei. It is net altiid better as it meat en greater is. It tsjinoerstelde is earder it gefal. Small is beautiful. Ek op it gemeentelik nivo sil dit tinken yngong fine moatte.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 25