-6- Troch it sterk tanimmende ynwennertal moasten greate objekten as swimbad, sporthal ensfh. ta stân brocht wurde, mar we binne foar bekostiging derfan foar in part ôfhinkelik fan ryksutkearingen. Sadré it ryk fan mienning is dat it mar hwat minder moat fiele we dat daliks, sa as dit jier al te merkbiten fait by de utkearingen foar it underwiisDe beammen wachse net mear ta oan't de himmel en mei de groeifilosofie foar sa fier we dy noch hiene as ha is it nou wol dien. Foar safier as nedich sille ek wy yn us gemeente us eltse kear wer herbesinne moatte op hwat noch moat en ken. Fanut dizze idee is it dat we it kolleezje oantrûne te kommen mei in mearjierren- begrutting en in hersjenning fan'e beleidsnota. Foarsitter de tanimmende tekoarten by it wurkfersenningsskap Noardergea en de dermei gearhingjende fusjebesprekkingen ha us oandacht lutsen en we soene graach fan it kolleezje heare wolle en dat op koarte termyn hoe dizze kwesje him ûntjowt. Saken der't we net omhinne kinne en wolle om dy te neamen om't se de leste tiden sa- wol by us as ried as by de bifolking yn'e belangstelling stiene wiene de: gelûds- hinderproblematiek en min as mear anneks dermei aile mooglike fredesmanifestaasjes. Hwat it earste oangiet bliuwt myn fraksje stean efter it stânpunt dat de rie inkele moannen lyn ynnommen hat. We kinne nea genoegen nimme mei in situaasje hwerby safolle huzen yn Jelsum en Koarnjum ôfbrutsen wurde soene en utfiering fan it bestimmingsplan Britsum sud-east net trochgean kin. It docht us deugd dat de staatssekretaris sein hat dat er opdracht jûn hat om ûndersykje te litten hwat de ynfloed is fan it omskolings-squadron op de kontourenkaarten, ek op dy fan'e mooglike baanferdraaiingen. De utkomst fan it leste sil ynhâlde kinne dat de kontouren saéanich ferlytse wurde dat ek oare doarpen by baanferdraaiing net yn'e problemen hoege te kommen, hoewol fan dizze doarpen wol hwat mear solidariteit ferwachte wurde mei, mei dy doarpen dy't al jierenlang greate oerlest hawn ha fan it gelûd fan'e fleantugen. Hwer't myn fraksje by it kolleezje noch op oanstean wol is om yn'e mande mei it kolleezje fan M'diel de staatssekretaris te fersykjen ek mei harren as er nei it Noarden komt te praten. Yn dit gesprek soe dan nêst hwat yn it utstel fan beide gemeenten al sein is, ek wiisd wurdde moatte op'e unfeilige situaasje fan in fleanfjild sa ticht by de wenbebouwing. Dit aspekt hat oan't nou ta nei us miening net dy oandacht krigen dy it ha moat. In tanimmend tal minsken - ek ut us gemeente-is tige warber yn'e fredesbeweging, docht mei yn demonstraasjesensfh. It docht us goed te sjen dat ferskillen yn leeftiid, leauwen, polityk en oansjen weifalle as min utgiet fan itselde doel, as emoasjes fan deselde djipte binne. It liket in foarbyld fan it op wei wêzen nei in maatskappy hweryn min wer mear foar- elkoar fielt en docht. Troch sommigen wurde de dielnimmers oan demonstraasjes tsjin keanwapens noch mar al te faak sjûn - en dit mei yn in demokrasie - as luchtfietsers

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 26