-7- Myn fraksje dielt de gefoelens fan dizze démonstranten, is fan betinken dat de hiele bewapeningsproblematyk te lang allinne mar in oangelegenheit wie fan de saneamde deskundigen dy't dan besluten namen yn't belang fan harren befolking. It tal "gewoane" minsken dat him yn it ferline bemuoide mei dit fraachstik wie lyts - it wiene de saneamde "bûtensteanders"Mar lokkich lit de skiednis sjen dat greate beroeringen harren berte fûenen yn bûtensteandersen utstappers. De eartse Christenen makken jahrren Los fan de besteande maatskappy. Hja hiene de moed nei bûten te gean, hwer it tsjuster en gefaarlik wie en hwer de fersmietenen en fer- kearden wiene. Hja lieten har aide libben foar hwat it wie om in nij libben te begjinnen. Tolve minsken giene op paad en ha kâns sjûnntroch harren dwaen en litten in oar oansjen to jaan oan'e wrâld. We ha de hoop en de ferwachting dat ek de fredesbeweging utdije sil ta eat hwat hjirop liket sa dat de minske yn frijheit en sûnder angst foar de situaasje fan syn as har neiteam libje kin. Foarsitter, myn fraksje hat tocht oer it yntsjinjen fan'en moasje te fergelykjen mei dy fan HellevoetsluisMar we ha dat neilitten om't we de saak hweroer it giet sa earnstich fine, dat we net graach sjen soene dat oer sa'n moasje in diskusje ûntstiet dy't fier under it nivo leit fan hwat de saak hwer't om giet ferstjinnet. We forsykje it kolleezje wol nei te gean as te gean litten as der op it grûngebiet fan us gemeente keanwapens binne en de rie fan'e utkomst fan dit ûndersyk oer net te lange tiid op'e hichte te stellen. Foarsitter, de leste tiden ha in protte bestjoerders en amtners fan us gemeente foar langer as koarter tiid siik west. Hoewol de wurkleazens great is, is it sa dat tofolle wurk dien wurde moat troch in te lyts tal minsken. De taak en de ferantwur- delikens dy op harren skouders leunt wurdt is te great, De demokrasie sa't wy dy yn us lân stal jowe docht in oanslach op'e sounens fan inkelden en dat mei sa net bliuwe. We moatte us mei elkoar der op besinne hoe we dit feroarje kinne en hwat we der by mooglike wiziging foaroer ha om dit foar te kommen. Foarsitter, ik bin wer lang fan stof west, mar ik ha de kâns waarnommen om noch der ris under wurden te bringen hwat myn fraksje en binammen my "bezig" haldt te mear om't dit myn leste algemiene skôgings binne. Mei september 1982 sil ik en dit jild ek foar mynfraksjegenoat Brameijer net wer yn'e rie fan Ljouwerteradiel in plak fineom't we te kennen jûn ha net wer op'e groslist fan us party pleatst wolle te wurden. Ut namme fan us fraksje wol ik elts tank sizze foar ailes hwat hy as sy yn it belang fan us gemeente dien hat en ik wol eltse ynwenner graach tawinskje dat er 1982 yn sûnens belibje mei.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 27