IV C.D.A. Foarsitter, it is net us bedoeling om joun fan ailes oeral te heljen, men kin nou ienris op aile oasten de bile net sette. Mar wij sille wol inkelde dingen oanstippe fansels. Ek us gemeentebestjûr wurdt konfrontrearre mei foroare omstannichheden, G.o. op finansieel- en sosiaal terrein. It gesin, it bidriuw, in skoalle en ek in gemeentebestjûr moattte, ek yn 1982 har oanpasse oan de omstannichheden. As jo in simmer hawwe mei aile dagen moai waar, dan kin in skoalmaster wol heu winne, mar as der minder goed waar op til is, dan hat in boer der ek wol oan. In goede bestjûrder beheard yn aile omstannichheden lieding te jaan, .mei- bestjûre, mei forantwurdlikheit drage. En dan kin de C.D.A. fraksje sizze: it is in moaije taak om mei-bestjûrder te wêzen yn dizze gemeente. Om te tsjinjen nei de noarm fan gerjochtigheit. Om op te kommen foar de swakkere. Om op te kommen foar frede en feilichheit. Wy, minsken, binne skepen om te libjen. Om der wat fan te meitsjen. De minske is oansteld om rintmaster te wêzen oer dizze wrâld. Om te soarchjen foar elkoar, foar de bisten, de planten. Wy kinne it libben net oan de minsken, de bisten en de planten jaan, dat hat us greate Skepper yn 'e hân, mar wol hawwe wy der foar te soarchjen dat it libben in perspectyf-jaand libben is. As wy tinke oan safolle "lannen, dy't dat perspectyf dat utsicht yn en nei frijheit net hawwe, lykas nou yn Poalen, dan rest us dit te sizzen. Wy hawwe mear reden om tankber te wêzen dan om te kleijen, ek yn us gemeente. Wy libje yn aile frijheit, hjir. Dat kin eltse biwenner op dizze ierde us net nei sizze. Miljoenen oaren kinne oars net sizze as: "Hwer't it geweld begjint HâLd it rjocht op". Foarsitter, In wurd dat de lêste tiid gauris utsprutsen wurdt, is: "Besunichje" De echte fragen en problemen komme dan op tafel, sawol yn in gesin as ek yn in gemeente-bistjûrDat kin ek spanningen meibringe, alhoewol, der moat by seint wurde: "Ut de romte tarre" kin ek syn problemen jaan. Hoe kin der besuniche wurde? Der binne hiel maklike en ienfâldiche trucs te betinken, de bekendste en yn de praktyk meast brûkte is, om oaren der foar opdraaije te litten. Mei dit ofskou—systeem wurde wy as gemeente—bestjûr nou ek konfrontrearre, de bijdragen fan it Ryk oan de gemeenten wurde behoorlik forlege. Dat bringt fansels syn gefolgen mei.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 29