-3- Ek de Uniawei en Felixwei binne klear kommen. Neist de hulten en bulten, dy't ynmiddels wat bysljochte binne, komme der nou oare problemen om 'e hoeke. Skuorren ensfh. oan 'e husen. It is te hoopjen dat dit ek allegearre wat bysljochte wurde kin, yn oerliz mei de Fram en bewenners. Hoe it forrin fan de fierdere utfoering fan it forkearsplan wêze sil, hinget ek al wer fan de beskikbere middelen ôf. Forkearsfeilichheit Neist de forantwurdlikheit dy't de minske sels hat tsjinnoer syn meiminske, hat de oerheit ek in taak. Ien fan 'e knelpunten is it fytspaed nei Ljouwert. Yn dit forban forsykje wy it Collège as hja ûndersykje wol, wat moochlikheden der binne, om,yn eerliz mei Ljouwert, in fiets route oan te lizzen fanôf de Haskedyk yn Jelsum, foar de pleats fan foarhinne Schuiling lâns en dan trochlûke oan de Anjen yn plan Bilgaard ta. Dit soe it besteande fytspaed behoarlik ûntlestichje kinne, en it liket us ek net in djoer plan ta. Wurkgelegenheid Is der gelegenheid ta wurk yn us gemeente? Lânbou en fébidriuwen, hannel en industrie, bou- en tsjinstforlienende bidriuwen en yn de forsoargingssektorailes is hjir oanwêzich, mar om plak te jaan oan us beropsbefolking wurdt langer in hiele toer. Wurkgelegenheid skeppe middels industrie oanlûke op it industrieterrein rint op 't heden ek net sa hurd, mar dochs foarsitter, oanhâlde mei bidriuwen-werving. Jow geunstiche betingsten oan ûndernimmerssadat ik skeppen fan arbeidsplakken ek op it industrie-terrein wer kânsen kriget. Us gemeente leit gaadlik foar dat spoarweinbidriuw wêr't de leste tiid sprake fan is. Spylje der mar op yn, Collège. It spoar leit der, de terreinen ek. En siz der mar by, wij hawwe ek noch in spoarman yn us Rie sitten! De wurkleasheit nimt ta, benammen by de jongerein, de s.n. skoalforlitters It is foar har in toer om oan 'e slach te kommen. Foarsitter, der is en der wurdt nooh in heap jild stutsen yn it Jeugd- Jongeren- wurk, Clubhûs 8/88 en yn de wolwêzen-sektorEn dat dogge wy op basis fan it sosiaal cultureel plan, dat wy meielkoar oannommen hawwe. Der neist noch binne der 100-tûzenen gounen utjoun foar sportfersjenningen, dêr't in great part fan de jongeren en net allinnich de jeugd, gebrûk fan meitsje. Il skoan ding en us fraksje hat ek altyd yn dizzen mei foaroan west om ta beslut-meiwurking te kommen, mar de C.D.A. fraksje woe ljeafst noch wat mear.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 31