-3- Y n in berjocht yn in blêd lies ik, dat de gemeenten yn us lân op dit stuit 94% fan aile sybsydzjes betelje. De Provinsies sa'n 4en it Lansregear de oare 1 Ik freegje my ôf, oft jo noch sprekke kinne fan desintralisaasje It hat yn myn eagen mear te meitsjen mei sintralisaasje fan tasicht, dan fan jildtaparing oan de gemeenten. Boppedat sille ek hjir de kosten fan de plannenmakkerij wol wer de panne utfleane en se sille ek wol wer net betelle wurde. Der binne krekt dizzer dagen fia de Feriening fan Nederlânske Gemeenten al berjochten ynkommen dat de Minister fan doel is in ynhâlding te dwaan oer 1982 fan sa'n 7% op de utkearings foar Sosiaal- en Kultureel wurk. De Feriening stekt de warskôgjende finger omheech om foar 1982 gjin fêste subsydzje-tazissingen te dwaen. Jo freeje jin dan wol 5f, oft it net heech tiid wurdt dat middels aile politike- en oare kanalen frege wurdt as dizze beker (sportbeker dus) fan desintralisaasje net oan us foarbij gean kin. As der al in lyts potsje yn Den Haach is, lit men dat dan mar oer de gemeenten ferpatsje. Dizze binne nei myn betinken bêst by steat dat jild nei bêste witten sels ta te partsjen. Ek oan't no ta hawwe se dêr net al te folle muoite fan hân. Inkelde leden fan de Twadde Keamer ha in pear wike ferlyn in ny foarstel yntsjinne om eltse minister de plicht op te lizzen om by elke nije wet tagelyk in berekking oer te lizzen fan de kosten fan utfiering fan dy wet. It sil jim, nei wat ik sein ha, net ferbjusterje dat ik - as ik dêrta by steat wie - dit foarstel graach stypje soe. Ik soe der dan oan tajekje wolle, dat der dan ek oanjûn wurdt wa't het ien en het oar betelje moat. In oare saak wat my en ek jimme gâns heech sit is de al mar oprinnende wurkleasheidMei in protte nocht haw ik de ideeën lêzen dy't Dr. Zoon, Earste Keamerlid foar de P.v.d.A. en direkteur fan it E.T.I.F. foar it deiljocht brocht hat. Hij wol in eigen "solidariteitsheffing" foar de trije Noardelijke Provinsjes en in eigen belistingheffing. Dit leste, omdat yn dizze provinsjes yn it ljocht fan it oare part fan Nederlân it ynkommen wis 5% leger is. Troch minder belêsting te beteljen, soene de minsken hjir mear keapje kinne. Hoewol't sa'n idee wol aardich is, liket it my sa ta dat dit no net samar klear is. Den Haach sil wol raar prûste, en as it ien en it oar klear is, komt men mei it sait as it aai al opiten is. Lykwols is elts idee it prebearjen wurdich. Ik soe der noch wol ien oan tahjekje wolle en it soe my deuchd dwaan as men der op ynhjekje woe, al besef ik dat myn idee ien is fan de bekinde druppel op de gloeiende plaat. Ik wit mar al te goed dat de ponge fan de measte gemeenten gâns leech is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 35