-4- Lykwols bin ik fan betinken dat eltse gemeente wis wol by steat is 1 gune de ynwenner op tafel te lizzen oan een provinsiaal wurkgelegenheidsfûns As boppedat de utkearingsnoarm fan it gemeentefûns der op loslitten wurdt, dan soe dat foar Fryslan sa'n f 1.miljoen gûne betsjutte. As wy meienoar ek nochris de moed opbringe koene wat aardige, mar net beslist needsaaklike dingen te litten, dan soe men tinke kinne oan in ferdûbeling of sa. Soe de provinsje ek nochris itselde bedrach yn it ponkje dwaan wolle, dan soene dêrmei tinkt my in mannich bidriuwen holpen wurde kinne om yn stân te bliuwen. Ek soene flinke jonge ûndernimmers in bedrach yn hannen krije kinne om wat nijs te begjinnen. Een lytse kommisje, gearstald ut leden van Deputearre Steaten en de V.N.G. soene sels de oanfragen hifkje moatte en dêroer beslisse. In oare saak wer't eltsenien sa njonkenlytsen soargen oer hat en wat de kommende moannen de noadige oandacht freegje sil, is de kwestje rûnom de fleanbasis en ailes wat der mei gearhinget. De takomst fan de doarpen Jelsum en Marsum hinget oan in sieden triedsje en is sa feruntrêstend dat it de oandacht fan eltsenien freget. Ik kin net neilitte fan Sf dit plak in pear wurden te sizzen oan d^ ynwenners fan us gemeente, dy't wenje yn dy gebieten, dy't troch de baanferdraaïng in bytsje mear hinder fan it lûd krije sille. Minsken, dit stiet yn gjin inkele ferhâlding ta de ramp dy't oarsoer de oare doarpen komme sil, en ik doch derom hjirbij mei klam in berop op jimme om efkes fierder te sjen as jim noas - doarp - lang is. Ik haw jûn sa foar en nei noch al ris oer net al te fleurige saken oan 't wurd west. It wurd dan ek wol tiid om noch wat goeie dingen oan te heljen. In pear moanne lyn like it der op dat us ynwenner-tal amper heger wêze soe as it tal wat neamd is yn de beskriuwingsbriefLykwols is dêr de leste wiken samar feroaring yn kommen en dan wol de goede kant ut sa't jim wol begripe sille. Ik kin Jimme no de stân jaan fan fannemoan: Aantal inwoners op 1 januari 1981: 8795 (8709) Vestiging 450 (322) Vertrek 4j09 (330) Vestigingsoverschot +41 (-8)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 36