-5- geboren overleden geboorteoverschot 117 (135) 43 (49) +74 (86) 115 (78) per 17 december 1981: 8910 (8787) aantal voltrokken huwelijken: aantal ingeschreven echtscheidingen: 35 (45) 6 (9) aantallen per 17 dec 1980 Sa hurd as it de leste wiken feroare is, kin dit sifer fansels ek wer kelderje foar âldjiersjûn. Jo witte it mar nooit! It frjemde is wol, dat der dit jier hast 115 wenningen klear kommen binne, en dat der mar 100 ynwenners mear binne, dat is minder as 1 de wenning. Hjirut blykt nei myn betinken mar al te dudlik dat de gesinnen al mar lytser wurde. Myn konklusje is, dat as der net foldwaande nijbou komt, us ynwennertal as in bakstien sakje sil, mei aile konsekwinsjes dêroan ferbûn. Der by komt, dat as de saneamde Streekplansifers £a nauw tapast wurde as no al bliken docht, dan wurdt dit foar us oars sa springlevende gemeente gjin "WURKPLAN" foar de kommende jieren, mar een "WURGPLAN". Ik hoopje dan ek fan herte, dat it troch us gemeente yntsjinne beswierskrift erkind wurde sil, al ha ik dêr in swiere mûtse oer op. Achte riedsleden, ik haw yn dit tiidsbestek mar inkelde problemen oansnije kinne. Ik sil mar net mear oanhelje, want dat soe wat te folle fan it goede (of kweade) wurde. Graach wol ik beslute mei eltsenien tank te sizzen foar de ynset dy't hy of sy toand hat yn it belang fan us gmeente. Dit binne sawol jimme, as ek aile leden fan de ferskate kommisjes, de wurknimmers en aile oare boargers dy't meiwurke ha oan it sosiale-kulturele-politieke as saken-libben yn us gemeente. Myn winsk is, dat we ek yn 1982 op deselde oangename en positieve wize yn goede sûnens oparbeidzje meie. Ik beslut mei jimme allegeare en jimme oare helten en gesinnen, goeie en Segene Krystdagen ta te winskjen. En as liket 1982 net sa fleurig te begjinnen, lykwols in hiel goed jier tawinske, fansels ek ut namme fan myn frou. en H. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 37