Agendapunt 6 Foarstelnr. 82/55. Underwerp tariedingsbeslut foar in wenweinlokaasje Stiens, 14 maaie 1982. Oan de gemeenterie Foar it rëalisearjen fan in wenweinlokaasje oan de Lege Hearewei te Stiens, namen jimme in tariedingsbeslut. Dat wie nedich om frijstelling te jaan fan de bepalingen fan it bestimmingsplan dat dêr jildt en foarut te rinnen op in bestimmingsplan, dat it rëalisearjen fan in wenweinlokaasje wol mooglik makket. It tariedingsbeslut jildt ien jier en rûn ôf yn de moanne febrewaris 1982. It wenweinskip hat no in definityf plan yntsjinne, dêr't wy it wol mei iens wêze kinne. Op grun fan dat plan wolle wy de saneamde art. 19/508 -proseduere fiere. It grutste part fan de kommisje romtlike oardering koe it plan ek meistimme. Wy stelle ut nochris wer foar it oanbelangjende perseel in tariedingsbeslut te nimmen. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel, siktaris, boargemaster, J.P.v.d.Kooi H. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 35