Agendapunt 8 Foarstelnr. 82/57. Underwerp Stiens, 14 maaie 1982. beneaming leden OLAF Oan de gemeenterie. De letter OLAF stean foar it Openbaar Lichaam Afvalverwijdering Friesland. Sa't bliken docht ut de nijsbrief fan de VFG fan desimber 1.1. is it it doel dat de regio's oangeande it beneamen fan de gemeentlike leden fan it algemien bestjoer fan it OLAF in koordinearjende funksje ha. De regio Fryslân-Noard hat him beret oer de 6 ut dy regio te beneamen bestjoersleden. By de kar binne in tal saken yn omtinken nommen lyk as it utsûnderlik plak dat de eilannen op dat stik ynnimme, de Sffalferbaarningsynstallaasje te Ljouwert en de portefeuilleferdieling yn it deistich bestjoer. Yn ferbân dêrmei stelt it deistich bestjoer ut de neifolgjende kandidaten te beneamen. - mr. J.H.J. van Blommenstein (Skylge) - drs. T.J. Bouwers (Ferwerteradiel - A. de Geus (Harns) - J.H.G. Goeman Borgesius (Menameradiel) - W. Miedema (Ljouwert) - G. Rombout (It Bilt) Wij slaan foar it utstel te folgjen fan it deistich bestjoer fan de regio Fryslân-Noard en dêrneffens in beslut te nimmen. (In stimbrief is tafoege) Boargemaster siktaris en wethâlders fan Ljouwerteradiel boargemaster, J.P.v.d.Kooi H. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 45