Punt 5 fan'e wurklist Foarstelnr. 82/65 Underwerp Stiens, 21 juny 1982. Ferkeap stripe grûn □an de gemeenterie Nei de rekonstruksje fan'e Langebuorren en dêr fuort by om hat bliken dien, dat oan'e Ljipstrjitte, op'e hichte fan'e gebouwen nûmmer 6 en 8 in stripe grûn kommen is te lizzen, dy't frij makke wurde kin fan'e iepenbiere bestimming. De bedoelde stripe grûn is krekter oanjûn op in tekening dy't by de stikken op besjen leit en is grut 40 m2 Wy binne it mei de eigner fan it pand Ljipstrjitte 6/8 iens wurden oer de ferkeap fan dy stripe grûn foar de priis fan 10,-- de m2 en mei de wenstige betingsten. Wy stelle foar ta ferkeap fan de bedoelde stripe grûn te besluten oerienkomstich it ûntwerp-beslut dat by de stikken op besjen leit. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel de siktaris de boargemaster J.P.v.d.Kooi H. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 15