Punt 18 fan'e wurklist Foarstel: 82/78 Underwerp Stiens 24 juny 1982. Foarmjen reserve boekwurk skiednis gemeente □an de gemeenterie Yn it ferliene is in reserve fan 15.000,-- foarme foar de gearstalling fan in boek oer de skiednis fan de gemeente. It folsleine bedrach dat opbrocht wurde moat is 26.000,--, wêrfan f 6.000,-- foar rekkening fan de Fryske Akademy komt Yn de oerbliuwende f 20.000,-- jouwe it Stichting Steunfonds Spaarbank Stiens en de Amrobank resp. 4.000,-- yn 4 jierlikse terminen fan f 1 .000,en f 1.000,--, sadat it troch de gemeente beskikber te stellen bedrach 15.000,-- berint, foar dat bedrach is in reserve foarme. Yn'e kosten fan it printsjen fan it boekje sil de gemeente noch ris 15.000,-- bydrage moatte, te foldwaan yn 1983. Neffens us soe it in goed ding wêze dat bedrach no al te reservearjen Troch de Wurkgroep Kultuer (fan de Kulturele Rie) is advisearre it oerbliuwende foardielige saldo fan f 3.000,-- fan de saneamde "kulturele pot" beskikber te stellen foar de utjefte fan it boek oer de skiednis fan Ljouwerteradiel □e kosten fan it printsjen fan it boek, dy't foar rekken fan dizze gemeente komme wurde begrutte op f 15.000,--. Wy stelle jimme foar dy kosten lykas folget te dekken: bydrage gemeente Ljouwerteradiel 15.000,-- bydrage wurkgroep Kultuer 3.000,-- te dekken ut net foarsjoen foar iennis foarkommende utjeften 1982 - 12.000,-- Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel, de siktaris. de boargemaster, J.P.v.d.Kooi H. Boschma

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1982 | | pagina 85