/V Underwerp RiedsgearKomste Stiens, 18 febrewaris 1983. □an de gemeenterie Hjirby noegje iK jimme ut de riedsgearkomste fan de 24e febrewaris 1983 by te wenjen, De gearkomste wurdt hâlden op it gemeentehûs te Stiens en begjint om 19.30 oere. De boargemaster, H. Boschma Nr. fan de wurklist WURKLIST Nr. fan it dtstel 1Fêststelling fan de beslutelist fan de riedsgearkomste fan de 27e jannewaris 1983. 2. Ynkommen stikken en meidielings. 3. Utstel oangeande it beneamen fan in amtner fan de boargerlike stân. 4. Utstel oangeandede fêststelling fan it bedrach per learling foar it jier 1983. 5. Utstel oangeande it ferkeapjen fan de wenning Ljurkstrjitte 47 te Stiens. 6. Utstel oangeande it ferkeapjen fan bouterreinen oan de Perzenstrjitte te Stiens. 7. Utstel oangeande it ferkeapjen fan 3 kavels bouterrein yn it bestimmings- plan It Skil te Stiens. 8. Utstel oangeande it ferkeapjen fan bouterreinen oan de Ophirstrjitte te Stiens oan de Wenningstifting Ljouwert-Ljouwerteradiel 9. Utstel oangeande it ferkeapjen fan bouterreinen te Hijum, Aide Leije en Stiens (It Skil) oan de Wenningstifting Ljouwert-Ljouwerteradiel. 10. Utstel oangeande it beslut as bedoeld yn kêst 3 fan de Wet agrarysk grûn- ferkear. 11. Utstel oangeande it wizigjen fan it règlement fan it oerlis orgaan lûdhinder fleanfjild Ljouwert. 12. Utstel by in oanfraach om rykssteun foar bûtengewoan ûnderhâld fan 36 wenten te Stiens, Hijum en Aide Leije. 13. Utstel oangeande it foarriedich fêststellen fan de jierrekkens 1980 en 1981 fan it fersoargingshûs Skilhiem te Stiens. 14. Utstel oangeande it garandearjen fan in jildliening foar de bou fan 34 wenten te Stiens, Hijum en Aide Leije troch de Wenningstifting Ljouwert- Ljouwerteradiel 15. Utstel oangeande it oangean fan in fêste jildliening mei de N.V. Bank voor Ned. Gemeenten te s-Gravenhage 16. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de oanskaf fan in materiaal- berging foar de keatsferiening Jelsum-Koarnjum. 17. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de rekonstruksje fan it rioel en weidek fan in part fan de Jelsumer- en Britsumer Ald- lânsdyk (yn de buorren) 18. Utstel oangeande it beskikber stellen fan in kredyt foar de bou/ferbou fan it gemeentehûs 19. Begruttingswizigings Op de siktary lizze de stikken mei yngong fan de 21e febrewaris 1983 foar de leden fan de rie op besjen. 83/13 83/14 83/15 83/16 83/17 83/18 83/19 83/20 83/21 83/22 83/23 83/24 83/25 83/26 83/27 83/28 83/29

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1983 | | pagina 1