Wurklistpunt 7 Foarstelnû: 83/102 Underwerp Stiens, 16 septimber 1983. ferkeap perseel grûn te Hijum. Oan de gemeenterie. Nids 1980 naam jimme rie it beslus ta oankeap fan de panden Efter de Wâl 11 en 13 te Hijum. Oy panden ferkearden yn in brekfallige steat en leveren gefaar foar de omjouwing. hei op oanstean fan de feriening foar-doarpsbelangen te Hijum is yn it earstoan besocht foar dy panden in keaper te finen dy't ree wêze soe yn in by de ferkeap te stellen tiidsbestek dy wenten sadanich op te knappen dat se wer bewenber wêze soene en mei de died wer bewenne wurde soene, as wol se ôf te brekken en op dat plak in nije wente te bouwen. □at besykjen is lykwols op neat utrun. De wenten binne frij gau dêrnei ôfbrutsen It terrein is ailes meiinoan grut 310 m2Dêrfan leit in part west fan it paad Efter de Wâl en komt net foar bebouing c.q. ferkeap yn oanmerking. Foar ferkeap bliuwt in oerflakte fan 195 m2 oer. It docht bliken, dat in earste gedachte om op it frijkommen terrein ien of mear wenten te bouwen, yn'e praktyk net maklik te réalisearjen is. Sjoen de sitewaasje fan'e merk op dit stuit is it amper te ferwachtsjen dat yn in koart tiidsbestek in gadingmakker him oantsjinje sil dy't ree is it terrein foar de jildzjende bouterreinpriis oan te keapjen. Ek it bouwen fan ien of twa hierwenten achtsje wy, sjoen de kosten en de grutte fan it beskikbere terrein net helber. De neistlizzende eigners hawwe te witten dien dat se belangstelling hawwe foar de oankeap fan dat terrein. Dêr sil fan de bestimming hiem oan jûn wurde, dêr't mooglik in garaazje op boud wurde kinne sil. Hei ien fan de neistlizzers, de hear R. van der Heer, Popkereed 4 te Hijum binne wy it iens wurden oer de ferkeap fan in part fan it terrein mei in grutte fan 158 m2. De hear van der Heer is ree dêr foar in bedrach te beteljen fan 50,de m2, eksklusyf BTW. Dat bedrach komt oerien mei de wearde dêr't dy grûn koartby op taksearre is yn ramt fan it op'e nij taksearjen fan grûn yn it grûnbedriuw. De boekwearde is folle heger. Dy berint foar it hiele perseel 35.000,--. It tekoart dat ûntstiet by ferkeap op basis fan'e wertaksaasje sil delkomme op in bedrach fan likernôch f 26.000,en komt foar rekken fan de algemiene reserve fan it grûnbedriuw. Wy stelle foar de grûn foar de boppeneamde priis oan de hear Van der Heer te ferkeapjen mei de wenstige betingsten. It te nimmen beslut leit yn ûntwerp by de stikken op besjen. Boargemaster en wethâlders fan Ljouwerteradiel de siktaris de boargemaster J.P.v.d.KOOI H. BOSCHHA

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 1983 | | pagina 35